Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: familie Place of Narration: Kollumerzwaag
Spesiale gefallen fan al dy dingen wit ik net sa sear. Ik kin bygelyks net sizze: dat hat dy en dy doe en doe dêr en dêr bileefd. Mar ik wit wol hoe't it yn 't algemien tagong yn myn jonge tiid. Wy wennen yn Twizelerheide, oan 'e Swâdde. It wie och sa'n earme streek en doe allegear noch heide. De minsken wienen allegearre earm. Foar stammerige Harm wienen...
nl.verhalenbank.29816
Yn 'e foarige ieu wenne Sytse Koster yn 'e Hamsterheide. Hy wie arbeider by Wilco Buning yn Eastemar. Hy wie us oan 'e Boskwei oan 't wurk. Doe seach er in lykstaesje. It wie ljochtskyndei. De kiste stie op 'e wein en der lei in wyt kleed oer de kiste hinne. It wie dus in kreamfrou. De lykstaesje roan him foarby. Koart dêrnei forstoar der in kreamfrou to...
nl.verhalenbank.15732
To Twizelerheide lei yn 'e nacht in man op bêd. Doe seach er, dat der in kiste by him ta 't hûs yn brocht woarde. Hy tocht: "Soe ik dêr yn matte." Mar in wike of hwat letter kom der in dochter út 'e Hamsterheide by him útfanhûs. Dy kom dêr ûnforwacht to forstjerren. Sy brochten de kiste ta de keamer yn krektlyk as hy it sjoen hie.
nl.verhalenbank.15736
As eksters om 't hûs hinne skatteren brochten se in biricht. Dan gebeurde dêr gau hwat. 't Hoefde gjin sterfgefal to wêzen. Foel 't gewicht fan 'e Fryske klok del, dan kaem der ek in deaden yn 'e famylje. As de klok klepte tidens it lieden mei in bigraffenis, dan wie der gau wer in bigraffenis. Tikken der wylde horloazjes achter 't bihang, dan bitsjutte...
nl.verhalenbank.29525
Dan wie der nòch sa'n famylje yn 'e Kollumersweach dy telde ek nochal hwat tsjoensters. Ien dêrfan wie in man, dêr wienen net allinne de minsken allegear bang foar, mar it fé wie ek deabinaud foar him. Hy hiet fan Ome. Seach er in flinter yn 'e loft omflodderjen, dan wiisde hy der mar even mei de finger nei en de flinter koe him net mear forroere. As ien...
nl.verhalenbank.15752
Stammerige Harm wie in tsjoenster fan formaet. Hy hat in soad minsken bitsjoend. Syn eigen dochter hie 't net op him stean. Trouwens, it siet yn 't laech. Syn beppe koe it ek. Dy fleach mei in reade rôk oan troch de loft. Sûnder dy rôk koe se net fleane. Syn mem wie ek in tsjoenster.
nl.verhalenbank.15751
As men fan in dikke snoek droomt, dan bitsjut dat, dat der ien yn 'e famylje stjert.
nl.verhalenbank.25188
Hjir yn 'e omkriten mat us in frou west ha, doe't dy kom to forstjerren, hie se net meikrigen yn 'e kiste, dêr't se rjocht op hie. Doe koe dat minske de rêst net krije en sy oppenearre har altomets by har folk. Doe hat doomny har oansprutsen en doe sei hja hwat se bigearde. Doe ha se dat har dan jown. Mar doomny sei der by: "Tink der om, en jow 't har net...
nl.verhalenbank.25832
35