Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: familie Place of Narration: Drachten
Yn 'e Houtigehage stie in hûs, dêr spûke it yn. Dêr yn dat hûs ha in soan en in dochter har beide fan kant makke. Sûnt dy tiid spûkje dy beiden dêr. 't Is noch famylje fan my.
De swarte spegel, dat wie in soart kaertlizzerij. De man seach dêr it portret yn fan 'e frou dêr't er mei trouwe soe. As se in deakiste krigen to sjen bitsjutte dat dat der binnen trije à fjouwer dagen in sterfgefal yn 'e famylje komme soe.
As in muoike fan my oer hynders droomde, dan koe men der mar fan op oan dat der mei koartens in deaden yn 'e famylje kaem.
Froeger woarde der altyd sein: Dy't syn mem slacht, dy krijt in pear ûngelokkige earms.
In famyljelid fan heit hat us mei in pleachbeest to meitsjen hawn. Dy moest nei Kûkherne ta. Dat wie in hiel ein rinnen. Hy siet by minsken en dêr hienen se 't oer in pleachbeest. Hy sei: "'t Bistiet net, dat der pleachbeesten binne." Mar de oaren hâldden fol fan wòl. Hy sei: "As se der dan binne, hoop ik jounich ien to sjen." Sa rekke er fuort. Hy hie...
nl.verhalenbank.19321
As men bikkerkes hearde, dan bitsjutte dat de tiding fan in sterfgefal yn 'e famylje. Dan waerd der hyltyd kloppe. As men bot harke wie 't stil, mar as men der net folle oandacht oan skonk, dan bigong it wer. (is bikkerke itselde as deatikkerke?)
Us heit wie noch net troud, doe reizge er mei hwat handel by de huzen lâns en kom sa fan it iene loazjemint yn it oare, dêr't er nachts slepte. Yn ien fan dy loazjeminten die der skurft op. Doe krigen se it by him thús allegearre. En 't woe net wer bikomme. Mar doe joech ien him de rie, hy moest yn 'e moarn fan nije maeije (= 1 maeije), foardat de sinne...
Us beppe wenne oan 'e Dwarsfeart to Drachten. Elke saterdei kom dêr in boerefrou lâns mei in wite mûtse op en in koer ûnder 'e earm. Der wenne ek noch in frou njonken beppe en dy har bern rekke net goed. It woe mar net wer opknappe, it bleau gammel. De man sei: "It kin wol bitsjoend wêze." Sy krigen it kessen út 'e widze, dêr't it bern yn lei en sy...
In man en in frou - dat wienen skippers - dy bûgelen it skip mei de bûgel fol skulpen foar de kalkbranderij to Drachten. Dat dienen se bûtendyks by Harns (Harlingen). Doe sei de frou ynienen ûnder 't wurk: "Wy matte optslach nei de wâl, hwant der is hwat yn ús famylje gebeurd." Datselde ogenblik wie har heit overleden.
nl.verhalenbank.37141
0