Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: ei huur
As de earrebarren wer nei 't suden ta sille, komme se earst by elkoar. Dan geane se op in rige stean en ien dêrfan giet foar har lâns, dat is de leider. Dy praet mei har. As der ien is dy't de reis net oan kin, dy wurdt der út pikt. Soms nestelen se op in dak. As dat it gefal wie, dan joegen se hier fan it nêst. Dan smieten se in fear del of in aei of ek...
nl.verhalenbank.38398
As de earrebarre op 'e skuorrenael syn nêst hat jowt er hier. It earste aei dat er leit is foar de boer, dat smyt er omleech.
nl.verhalenbank.36942
De earrebarre, dy't in nêst op it dak fan in skuorre [?] smyt elk jier hwat del. De iene kear in aei, de oare kear in jong. Dat jong wol er net wer yn 't nêst ha. Dat is foar de hier. It sweltsje docht krekt gelyk. Dat smyt ek it iene jier in jong sweltsje del, it oare jiers in aike. Ek foar de hier.
nl.verhalenbank.25866
In oaijefaer, dy't froeger op 'e nael fan it dak syn nêst hie, bitelle hier. It earst jier in fear, it twadde jier in aei en it trêdde jier in jonge eibert.
nl.verhalenbank.33802
As in oaijefaer nesselt op in skuorredak of op in peal by guon op 't hiem, dan smyt er in geskink nei ûnderen. Oaijefaers bitelje altyd rinte foar har nêst. It earste jier litte se in fear falle. It twadde jier smite se in aei del. It trêdde jier ien fan har jongen.
nl.verhalenbank.23812
Yn Noardburgum hie in boer in earrebarrenêst op 'e skuorre. Alle jierren smieten de earrebarren in aei del. Dat wie de hier, dy't se bitellen.
nl.verhalenbank.30098
In earrebarre nessele froeger faek op in boereskuorre. Elk jier bitelle it dier dêr hier foar. It earste jier in fear, it twadde jier in aei, it trêdde jier in jonge earrebarre. Dy smiet er dan nei ûnderen.
nl.verhalenbank.37252
In oaijefaer dy't syn nêst op 'e boereskuorre hat, bitellet dêr hier foar. Fan 't jier jowt er in aei, takomme jier in jong.
nl.verhalenbank.37672
De earrebarren brochten fan âlds de lytse bern. Myn omke hie in eibertsnêst op 'e skuorrenael. De earrebarre smiet elk jier in aei del of in jong. As se dat jong wer yn 't nêst brochten, dat joech neat, in heale dei letter lei it der wer út. Ik woe it ris in kear der wer yn bringe, doe sei omke: "Dat hoechst net to dwaen, hwant hy nimt it net wer oan....
nl.verhalenbank.25075
As jo in nêst makke ha foar in earrebarre, dan smyt er it earste jier in aei del, it twadde jier in jong. Dat is de hier foar 't nêst.
nl.verhalenbank.25506
De earrebarre nestele froeger gauris op in boereskuorre. Dan bitelle er de hier foar 't nêst. Ik ha 't sels meimakke. Om 'e 4 jier smiet er in aei nei ûnderen ta. Dat wie foar de boer.
nl.verhalenbank.38309
In earrebarre bitellet hier foar it plak dêr't er syn nêst hat. It iene jier is it in aei, dat er delsmyt, it oare ier in jong. It sweltsje docht ek sa.
nl.verhalenbank.26080
35