Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: echtpaar trouwen Place of Narration: Drachten
Der wie in frou stoarn, dy hie in ring om 'e finger, dêr siet in tige kostbre stien yn. Dêr kom se mei yn 't graef. 't Wie in soarte fan grafkelder. Der kom in platte stien oer it graef hinne. Der wie in man, dy hie 't op dy ring bigrepen. Hy wie noch jong en noch net troud. Hy brekt it graef iepen mei greate muoite, mar hy kin noait dy ring fan 'e finger...
nl.verhalenbank.23451
Myn ex-skoanâlden wennen yn Drachtster Kompenije. Hja hienen in kampke lân foar hûs lizzen. De buorlju dêr omhinne seagen op dat kampke lân alle jounen in ljocht brânnen. De âlde minsken seagen it sels ek. As se der by kommen, wie 't ljocht út. Doe is ien fan 'e bern troud en doe boude de âld man dêr in arbeidershúske op dat kampke lân foar de jonge lju....
nl.verhalenbank.18128
Doe't ik yn 'e Haskerveenpolder oan 't wurk wie, fortelde Paulus van Zanten my oer in man en in frou. De man arbeide op 'e febryk. De frou wie great mei in oare keardel. Dat hienen de lju him al in kear of fjouwer, fiif forteld, mar hy woe it noait leauwe. Mar op in kear tocht er: ik wol 't ûndersykje. Doe't er dy moarns nei 't wurk ta gong wie, kearde er...
nl.verhalenbank.24002
Der wie in man, dy wie foar de twadde kear troud. Mar foardat syn earste frou stoar, hied er har biloofd, dat hy soe net wer trouwe. Hy hie 't lykwols àl dien. Op in kear, doe't er op 'e stâl stappe soe om 't fé drinken to jaen, stie syn earste frou samar ynienen njonken him. Letter hat er har altyd by him hawn. Hwer't er roan, dêr wie sy ek. Dat wie de...
nl.verhalenbank.19624
Der wienen in mantsje en in wyfke, dy wienen dy deis fyftich jier troud. De beide âldtsjes wienen tige wiis mei elkoar. 't Mantsje sei dy deis tsjin 't wyfke: "Dû bist my mear as twatûzen goune wurdich, sa mâl bin 'k mei dy." 't Wyfke sei tsjin 't mantsje: "Dû bist my ek mear as twatûzen goune wurdich, hear." De jouns soenen se nei bêd ta togearre. 't...
nl.verhalenbank.33111
35