Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Wol men jin tsjin 'e tsjoensters hoedzje, dan mat men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen. Dat is in ried fan âlde Joast Wiersma fan Jistrum. (dit lijkt mij niet waarschijnlijk, Joost Wiersma moest niets hebben van tovenarij. A.A.J.)
nl.verhalenbank.24710
Rikele Myt biwearde, duveldrek moest fan in tsjoenster komme, oars holp it net.
Rikele Myt hie in freeslik gesicht.
nl.verhalenbank.27543
Duveldrek hienen de minsken hjir froeger ûnder 'e drompel fan 'e doar. De bern hienen duveldrek yn in pûdtsje om 'e hals.
Wy makken in krús foar de doar as der in tsjoenster oankaem.
nl.verhalenbank.26339
De bargen krigen hjir froeger altyd duveldrek ûnder 'e trôch. Dan soenen de tsjoensters gjin fet op 'e bargen krije kinne.
nl.verhalenbank.27999
Se dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompels. Dêr koe de tsjoenster net oerhinne komme.
nl.verhalenbank.29793
Doe't myn broer op 'e Iest (yn Jistrum) kom to wenjen, doe hong dêr oeral duveldrek boven de doarren. En ek yn 'e finsterbanken wie duveldrek. Sy mienden dat de duvel dan net yn 'e hûs of yn 't bûthús komme koe.
Wy brûkten it foar de keallen en wy hienen 't ek wol yn 'e bargetroch.
Wy kochten it yn Drachten, by David Flud (= D. de Vrieze). As wy seinen:...
nl.verhalenbank.22836
As der ergens pasgeboaren bern wienen, dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. Dat wie om de tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.27379
Heit fortelde us, dat der roan wol us in jonge mei him op nei 't wurk ta. Op in kear hie dy jonge ek wer mei him roan, doe hie dy jonge ynienen in freeslike pine krigen. Hy sei: "Ik gean werom."
Heit woe wite, hwerom. Doe sei dy jonge: "Ik ha myn duveldrek net by my. En as ik dat net by my ha, dan bin 'k forlegen fan 'e pine."
nl.verhalenbank.33318
Myn âldste suster Janke hat ek bitsjoend west. Wy wennen yn Stiensgea doetiids en ik wie noch net geboaren. Janke wie noch mar in bern. Hja tsjirme. Hja woe net oanwinne en raesde altyd. Der wenne dêr in âlde bolkoerrinster, dy hie wakker de rin by ús. Dy woe altyd even by 't popke sjen. Dan kom se yn 'e hûs en nom Janke even yn 'e earms.
Heit bigong har...
nl.verhalenbank.32952
De boeren hienen tou om in stik duveldrek hinne en dat hongen se yn 'e sûpfetten fan 'e keallen. It hiet dan dat dy dan gjin keallesykte krigen, mar se ha my ek wolris forteld dat se dan net bitsjoend waerden.
nl.verhalenbank.31532
Spesiale gefallen fan al dy dingen wit ik net sa sear. Ik kin bygelyks net sizze: dat hat dy en dy doe en doe dêr en dêr bileefd. Mar ik wit wol hoe't it yn 't algemien tagong yn myn jonge tiid.
Wy wennen yn Twizelerheide, oan 'e Swâdde. It wie och sa'n earme streek en doe allegear noch heide.
De minsken wienen allegearre earm.
Foar stammerige Harm wienen...
nl.verhalenbank.29816
De bern hienen in pûdtsje duveldrek op it boarst en roggekerls binaeid yn 'e seamen fan 'e klean.
nl.verhalenbank.23446
Mem en dy wennen yn 't oast fan Bûtenpost. Sy hienen wol gau us in hynder dea. Dat kom fan 'e tsjoenderij, seinen se.
Doe gongen se nei Wopke ta, dat wie de duvelbanner fan Kûkherne. Dy kom dêr by mem en dy.
Hy lei guod ûnder 'e drompel en preuvele der hwat by. Doe wie de tsjoenderij foarlopich oer.
Mar letter bigong it wer. De hynders stienen los yn 'e...
nl.verhalenbank.21279
Hjir wenne in âld minske, dat hie ûnder elke drompel yn 't hûs duveldrek.
nl.verhalenbank.19651
Tsjoensters kinne sawol âlde as jonge minsken wêze.
Wy hienen in lyts jonkje, dat wie sa'n trije jier âld. Wy wennen doe yn Ikkerwâld. Dat bern bigoun persé jouns om njoggen ûre to gûlen. Dat gebeurde alle jounen. Men koe de klok der op lyk sette. En dat duorre oant alve ûre ta. Wy wennen doe noch by myn man syn âlden yn.
"It bern raest him dea", seinen...
nl.verhalenbank.29779
Sy dienen froeger hjir altyd duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.27542
Doe't ik in jonge baes wie wenne der by ús yn Moarmwâld in âld wiif, Baeije. Dy gong foar in tsjoenster troch. It minske koe rekkenje noch skriuwe. Mar dy wienen der doe wol mear. Dêr siet ik as jonge in bulte, hwant ik wie kammeraet mei ien fan har jonges. Hja wie ús buorwiif sahwat.
Doe't ik troude kaem ik yn 'e Falom to wenjen.
Ik sei tsjin 't wiif:...
nl.verhalenbank.24713
Se seinen froeger altyd: nim noait in apel of in par fan in tsjoenster oan, hwant dy foroaret nei in setsje yn in pod of in kikkert.
Om in tsjoenster to kearen brûkten se duveldrek.
Alle tsjoensters kinne fleane.
nl.verhalenbank.32603
Met dat mens hebben we nog meer meegemaakt.
We kregen een kind ziek. Ouwe Joukje kwam vaak even kijken en vroeg dan: “Hoe gaat t met t jonkje?”
Ik zocht daar eerst niks achter, tot een van de familie mij er op wees, dat we dat niet moesten toelaten. Hij had ook zo’n geval gehad en was er achter gekomen, dat het oude mens zo’n kind ziek maken kon.
Wat had...
nl.verhalenbank.46182
Wy hienen in famke, dat wie altyd gammel en siik. Doe kom der ris in kear in sekere Filippus by ús. Dy sei: "Hwat is hjir to rêdden? Is jimme fanke siik?"
"Al in hiel skoft", sei 'k.
Hy sei: "Jimme matte nei de duvelbander, hwant der sil wol hwat oars achter sitte. Jimme bern sil wol bitsjoend wêze. Ha jim it kessen al ris iepenmakke?"
Doe makken wy it...
nl.verhalenbank.27554