Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: duivelbanner beter Place of Narration: Harkema
In susterke fan my rekke net goed. Sy woarde al minder en minder. Op 't lêst wienen har lippen al hielendal blau en wy moesten se hyltyd wiet meitsje. It wie neat mear. Doe sei Aukmoai op in kear: "Sille wy us foar har nei Rottefalle nei ús Hinke-moai." (Dat wie Frânse Hinke, de duvelbanster) Doe dêr hinne. Hinke sei, it bern wie bitsjoend. Se joech mem...
nl.verhalenbank.21646
In susterke fan my hat bitsjoend west. It wie ús Sjouk. It wie yn 1893. Doe hat ús heit nei Kûkherne ta west, nei de duvelbander. To foet roan er dêr hinne. De duvelbander hat doe in ried jown en ús Sjouk is wer better woarn.
nl.verhalenbank.21134
Myn man syn suster wie altyd syklik. It bern tsjirme. Hja hie altyd skeel. Doe sei heit: "De boze geest pleaget har. Dy sit ûnder 't bêd." Doe helle er in gripe en reage dêrmei ûnder 't bêd om. Doe kom dêr in kat weifleanen. Dat wie de boaze geast, sei heit. Hy prebearre dy kat to reitsjen mei de gripe, mar dy kat fleach fuort. Heit achter de kat oan, mar...
nl.verhalenbank.29373
Heit syn omke en dy wennen tichte by heit en dy. Sy wennen der sahwat njonken. In bern fan omke wie bitsjoend. Heit syn omke rekke doe op redens nei Kûkherne ta nei greate Wopke. Doe't er dêr kom joech Wopke him in drankje mei. Wopke sei: "Nou mast der al om tinke. Ast op 'e rûmte biste, komt der aenst in swarte kat by dy. Dy hat it op 'e drank forsjoen....
nl.verhalenbank.29353
Der kom ris in frommes by lytse Fedde. Lytse Fedde wie wûnderdokter op Sânbulten. Hja sei tsjin him: "Kinne jo my ek geneze. Ik haw in protte lêst." Fedde sei tsjin har: "Ja, ik kin jo geneze, mar it resept dat ik dêr foar ha, dat is net sa moai. Mar wolle jo wer better, dan matte jo krekt sa dwaen as ik siz. Nou is 't in rare fraech dy't ik jo doch....
nl.verhalenbank.33659
Hindrik Pyk (= H. Ophuis) kom faek by beppe en dy. Beppe hie dêr in great hekel oan, mar sy doarst der neat fan to sizzen. Sy hienen doe in poppe. Doe sei er op in kear, hy woe de poppe graech sjen. Doe't dat gebeurde bigong it bern to razen, sadra hy fuort wie. Sy koenen de poppe noait stil krije. Dy raesde mar troch. 't Wie in susterke fan mem. Doe...
nl.verhalenbank.33408
Frânse Hinke fan 'e Rottefalle wie duvelbanster en wûnderdokter. Sy wenne de kant út nei de boppeste Rot'falle yn 'e buert fan 't earmhûs, oan 'e lofterhân. Ik wie sa'n fiif en twintich jier âld. 'k Hie 't al in healjier lang tige slim yn 'e draeibonke (kontbonke). Ik koe sitte noch stean en my net forroere. Ik lei altyd en hie in slimme pine. Se fuorren...
nl.verhalenbank.23447
7