Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: duivelbanner beheksen Place of Narration: Harkema
Op 'e Bulten wennen minsken, dy hienen in bern, dat woarde siik. Der kom gauris in âld minske by harren, dat wie in buorfrou. 't Wie Alle Tet, in âld tsjoenster. Sy tochten, 't bern kin wolris bitsjoend wêze. Sy gongen nei Kûkherne. En ja, Wopke sei 't bern sit ûnder forkearde hannen. Hy joech in drankje mei en sy krigen de rie: duveldrek ûnder 'e drompel...
nl.verhalenbank.28556
Wie der in bern bitsjoend yn 'e Harkema, dan gongen se wol us nei de duvelbander. Dat wie greate Wopke fan Kûkherne. Hy joech se in drankje mei foar 't bern. Mar hy sei: Underweis foaral tige op 't drankje passe, hwant oars rekkest it kwyt. Dan gebeurde 't wol, dat de boom ûnder 't fleske weisakke. Krekt as wie hy der ûnder wei snien.
nl.verhalenbank.26249
Alle Tet wie in tsjoenster. Dy koe har yn in pod foroarje, seinen se. Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se mei in fleske mei pisse fan 't bern nei Wopke fan Kûkherne ta. Dan joech Wopke in drankje mei. En dan sei er: "Tink der om, hear, op heilwei komt der in swarte kat by dy, dy springt dan by dy op en dy wol 't fleske stikken meitsje." Dat is hjir...
nl.verhalenbank.28802
Heit fortelde ús myn âlde omke hie in dochter hawn, dy wie siik. Dêr gong omke foar nei Wopke duvelbander ta, dy't yn Kûkherne wenne. Omke ried oer de Wide Pet, hwant it wie winter. Wopke sei: "It fanke is bitsjoend. Hjir hast in drankje. Mar dû mast goed op 'e flesse passe, hwant ast omtrint thús biste komt de tsjoenster dy yn 'e mjitte, dy hat har yn...
nl.verhalenbank.17558
Greate Egbert hat in broer hawn, dy woarde siik. Sy masteren mei dokter Keizer fan 't Surhústerfean. De jonge woarde net better, hy woarde earder minder. Doe tochten se: hy sil wol bitsjoend wêze. Dat doe soe Egbert mar nei greate Wopke ta. Egbert kom de moarns bitiid al út bêd. Hy soe him oanklaeije, mar hy koe noait lúsjefers fine. En doe't er guon hie...
nl.verhalenbank.28503
Us heit wie noch mar even troud. Sy hienen in jonkje, dat wie Gerryt, dy wie doe sa'n twa jier âld. Ik haw him net kend, ik bin folle letter geboaren. Lytse Gerryt woarde bot siik. Doe gong heit nei Kûkherne ta, nei Wopke. Doe wie 't jonkje al hiel min. Hy gong to foet nei Kûkherne ta. Heit lei Wopke út hoe't it mei 't bern gesteld wie. Wopke makke in...
nl.verhalenbank.28663
Yn in boerespultsje ûnder de Ham rekke in bern siik. It bern tsjirme, dat wie skoan oan 't bern to sjen. Hoe't de dokter der ek mei omplastere, it joech allegear neat. It bern bleau in harterke, ja it kopke biklonk hoe langer hoe mear. Doe sei de buorman tsjin 'e heit fan dat bern: "Dû mast opjaen fan dokterjen. Der skeelt dat bern oars hwat. Dêr hat in...
nl.verhalenbank.15782
8