Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: duivelbanner ziek Place of Narration: Sumar
It gebeurde ris dat der yn Burgumerheide in faem net goed wie. Doe gongen se nei Piter Poes ta om ried. Piter sei, hy soe by de faem komme. Hy ried op 'e hounekarre mei Steffen Prûk dêrhinne. 't Wie Steffen syn karre. Piter frege de âlden dit en dat, doe sei er: "Nou wit ik it wol. Jow my it fanke har holkessen mar ris." Dat snie er iepen. 't Wie in...
nl.verhalenbank.32314
Piter Poes wie in lyts mantsje. Hy wie duvelbanner. Ik ha him net mear kend, mar ik ha faek oer him fortellen heard. Hy wie duvelbander. As der ien bitsjoend wie, waerd Piter Poes der by helle. Sa wie der op in kear yn Burgumerheide in jonge bitsjoend. Dy jonge wie tige siik. Piter Poes waerd ûntbean en dy dêrhinne op 'e hounekarre, dêr't er 2, 3 hounen...
nl.verhalenbank.31488
Der wie in man siik. Hy wenne dy kant út nei Burgum. De frou gong nei Piter Poes om in drankje. "Tink der om," sei Piter Poes, "ûnderweis binne der hounen, dy wolle 't drankje brekke." Der wie ûnderweis in houn by har opsprong en dêrtroch rekke de flesse mei drank stikken.
nl.verhalenbank.25626
Der wie in âld man - 't sil yn 'e buert fan Drachten west ha, tink ik - dy hie fé op 'e stâl stean, mar dat fé wie allegear bitsjoend. De kij woenen gjin drinken en gjin fretten ha en 't wienen allegear skarminkels, sa meger wienen se. By dyselde man gong alle dagen in drip bloed troch de souder hinne en dy foel altyd yn 't kopke dat op 'e tafel stie en...
nl.verhalenbank.36258
Alde Piter Kloosterman fan Garyp kom us by heit en dy to jounpraten. Doe fortelde hy, it berntsje fan syn buorlju hie tige siik west. Sy tochten, it bern kin wol ris bitsjoend wêze en doe toarnden se it kessen iepen. Doe kom dêr in krâns út. Doe wienen dy lju by âlde Piter kom, as dy even foar it bern nei de duvelbanner ta woe. Dat koe Piter fansels min...
nl.verhalenbank.36218
Yn 'e Westerein wenne in man dy hie in fanke en dat woarde siik. Doe gong er foar har nei greate Wopke fan Kûkherne. "'k Sil jo guod klearmeitsje", sei Wopke. De Westereinder moest troch stikjes lân wer nei hûs ta. Sa wie hy ek yn Kûkherne kom. Wopke sei: "Aenst matte jo by forskillende hekken om in omstap hinne. Tink dan om 'e greate houn dy't by jo...
nl.verhalenbank.20341
Der wenne in man op Burgumerheide, dat wie froeger in feardige arbeider. Deis wied er altyd drok oan 't wurk en jouns skearde er wol om der noch hwat by to fortsjinjen. Mar letter woarde er syklik en kom er hielendan yn elkoar to rinnen. (roungear) Doe gong er nei in kwaksalver ta. Dêr mastere er mei. Dat wie tagelyk in duvelbander. Dy die him in bantsje...
nl.verhalenbank.20339
8