Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: duivelbanner drankje Place of Narration: Sumar
As men nei de duvelbander ta west hie om drank en men roun oer de Houtsjepaden (= Skeltepaden) by Bouwekleaster (ûnder Harkema), dan rekke dêr de drank altyd stikken.
nl.verhalenbank.20238
Der wie in man siik. Hy wenne dy kant út nei Burgum. De frou gong nei Piter Poes om in drankje. "Tink der om," sei Piter Poes, "ûnderweis binne der hounen, dy wolle 't drankje brekke." Der wie ûnderweis in houn by har opsprong en dêrtroch rekke de flesse mei drank stikken.
nl.verhalenbank.25626
Wierd Hoogstins fan Garyp gong nei Hinse ta dy't op it Swartfean wenne. Hy moest in drank ha foar 't fé. 't Wie yn 'e winter en hy hie de redens by him. "Hast redens by dy?" "Ja." "Dû meist werom net ride, dan krigest in ûngelok. Dû mast gean." Dat wie ôfpraet. Mar Wierd hâldde him net oan dy ôfspraek. Op Nyegeasterhoek die er de redens ûnder. Mar doe...
nl.verhalenbank.32459
Alde Piter Kloosterman fan Garyp kom us by heit en dy to jounpraten. Doe fortelde hy, it berntsje fan syn buorlju hie tige siik west. Sy tochten, it bern kin wol ris bitsjoend wêze en doe toarnden se it kessen iepen. Doe kom dêr in krâns út. Doe wienen dy lju by âlde Piter kom, as dy even foar it bern nei de duvelbanner ta woe. Dat koe Piter fansels min...
nl.verhalenbank.36218
Tsjoensters koenen har yn katten foroarje. Dan fleagen se by de glêzen op. As se rekke woarden mei in stok dan hie de tsjoenster de oare deis plakken oan har. Om 'e safolle jier moest de tsjoenster ien deatsjoene, oars gong se sels dea. Wie der in krâns yn 't kessen dan reizgen se nei greate Wopke ta. Dan krigen se in drank mei. Underweis sprong der hwat...
nl.verhalenbank.24641
Yn 'e Westerein wenne in man dy hie in fanke en dat woarde siik. Doe gong er foar har nei greate Wopke fan Kûkherne. "'k Sil jo guod klearmeitsje", sei Wopke. De Westereinder moest troch stikjes lân wer nei hûs ta. Sa wie hy ek yn Kûkherne kom. Wopke sei: "Aenst matte jo by forskillende hekken om in omstap hinne. Tink dan om 'e greate houn dy't by jo...
nl.verhalenbank.20341
Greate Sjoerd Koedriuwer wenne oan 'e Achterwei yn Sumar. Hja hienen in fanke fan fiif jier. Dat wie Sibbeltsje. Dat fanke, dêr siet gjin skroed yn, it bern tsjirme. Sjoerd kom by ús heit. Hy sei: "Wytstû ek ried?" Heit sei: "Dû mast nei Wopke de duvelbander ta gean." Doe die Sjoerd dat. Wopke sei: "It bern is bitsjoend. Der is in âld minske, dat wennet...
nl.verhalenbank.12227
7