Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: duivelbanner genezer Place of Narration: Boelenslaan
Pake stie ris by him op it hiem, doe kom der in persoan út 'e Rottefalle by him. Hwat mastû? frege Hinse batsk. Ik soe nei jo ta, wie 't antwurd. Ja, sei Hinse, ik wyt wol, hwerstû foar komste. Dû bist troch in slange biten. Mar ik help dy net. Dû mast mar gau sjen, datst yn Drachten komste. Dat kinst noch wol helje.
nl.verhalenbank.16032
Hinse hie in boskje achter syn hûs op it Swartfean. Yn dat boskje hied er stopflessen to hingjen mei slangen der yn. It fenyn dat dy slangen útspijden, dat brûkte hy as medesyn.
nl.verhalenbank.16033
Hinse syn broer Habele lei op 'e Gerdyk bigroeven. Doe't Habele al in jier wei wie, gong Hinse nei syn graef ta. Dêr stie er to dânsjen as in wylden en rôp: Habele, kom der út! Kom der út, Habele! Hinse hat syn kunsten leard út it boek 'Het zwarte paard'.
nl.verhalenbank.16034
Myn pake wenne njonken Hinse Jehannes de Boer op it Swartfean. Bareld Nieuwenhuis hie in koe, dêr mastere jonge Jan syn heit fan it Wytfean mei. Mar hy krige de koe net better. It beest gong achterút. De koe wie mei it koartfûlens stean bleaun. Pake sei tsjin Bareld: Gean mei in topke hier fan 'e koe nei Hinse ta, dy is in protte mâns by 't fé. Doe die...
nl.verhalenbank.15912
Der kaem ris in faem by Hinse, dy hiet fan Tetsje. Sy hie de koarts en woe graech wer better wurde. Doe sei er tsjin har: Moarnmoarne, foardat de sinne opkomt, matte jo op 'e skuorredoar skriuwe: Tetsje is net thús. Dat matte jo trije moarnen achter elkoar dwaen. Dan binne jo de fierde dei genezen. Tetsje hat dit dien en sy hat noait wer hinder fan koarts...
nl.verhalenbank.16031
In suster fan pake wenne yn 'e Folgeren by in boer. Dy boer hie in hynder, dat hie 't yn 't boarst. Net ien koe der by komme, sa sloech en trape en skopte it beest. Se hienen alris tsjin Hinse sein, as dy ris komme koe. Hinse hie dat tasein, mar hy kaem net. Mar doe op in kear kaem er hartstikke dronken fan Drachten ôf yn in rydtúch. De hynders fjouweren...
nl.verhalenbank.15914
6