Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: duivel terugweg Place of Narration: Harkema
Sytse Jager wie myn omke. Dy is ris in kear thús kom, doe wie 't gjin minske mear. Sa bot hie de duvel him smiten. Oer de dyk en de beamwâl hinne.
nl.verhalenbank.33301
Sytse Jager wie ris mei in stik of hwat fan syn kammeraden op 'e Húsloane (de wei nei 't Bomkleaster ta). Hy wie in greate spotter. Dy jouns hied er ek wer forkeard praet hawn en dêrby wied er dronken. Hy woarde ynienen by syn maten weinom en oer de dyk smiten. Dat wie de duvel syn wurk. Dy reis hat him net smakke. Hy hat letter noait wer allinne jouns by...
nl.verhalenbank.32984
Ruerd v.d. Veen wie in raer man. Hy wie nergens bang foar, sei er. Op in joun kom er fan 't Bomkleaster. Dêr hied er timmere. Doe hat de duvel him mei 't bakje mei timmergereedskip en al yn 'e sleat goaid. Dit gebeurde op 'e Skalkepaden.
nl.verhalenbank.29330
Rindert hie forkearing yn Stiensgea. Hindrik Holthuis woe us in grap mei him úthelje. Hy stelde him fordekt op yn in hage mei in ding om him hinne. Sa wachte hy Rindert ôf as dy by de faem weikom. Doe wie 't al ier yn 'e moarn. Mar net sa gau hie Rindert him yn 'e gaten krigen of hy sprong boppe op him en raesde: "Bistû de duvel, dan bin ik dyn moer!" Dat...
nl.verhalenbank.23954
Jan van Houten wie sa'n twintich jier âld. It wie in greatsprekker en in spotter. Hy fordomde God en alles en hy wie foar de duvel net bang, sei er. Op in nacht kom er út in café. Underweis woarde hy sa bot slein, dat hy rekke bûten kennis. Doe't er wer by kom dienen de lea him sa sear, dat hy kreunde der oer. De duvel hie him to pakken hawn. Letter wied...
nl.verhalenbank.33414
Wibe Alma kom us in kear dronken fan it Jachtfjild, dêr't er yn 'e kroech sitten hie. Hy hie 't dêr raer opsein. Underweis nei hûs ta seach er in hountsje. Doe sei er: "Dat is in duvel." "Der binne sawn duvels," sei er, "ik sil dy dea skoppe." Wibe gong nei hûs ta. 't Wie op 'e joun. Kei Kooistra, ek ien fan 'e Harkema foege him by Wibe. Dy roan mei him...
nl.verhalenbank.25773
Neist sa'n hûndert jier wie ús mem har âldste suster, dy't yn 'e Harkema wenne, slim siik. Hja wie tolve jier âld en koe net wer better. De heit (Aise van der Heide, in tige froom en leauwend man) gong skean de paden del nei de duvelbander fan de Ham, hwant sy wienen har rie to 'n ein. Hy krige in drankje mei en sette dêrmei op hûs ta. Mar ûnderweis...
nl.verhalenbank.21328
Mike Ruerd wie in raer man. Op in kear wied er oan 't timmerjen op it Bomkleaster. Doe sei er: "Ik bin foar gjin duvel bang." De jouns soed er nei hûs ta. Hy hie 't ridskipsbakje op 't skouder. Hy roan de Skalkepaedtsjes del om yn 'e Harkema to kommen. Hy moest forskillende houtsjes oer. Doe stie der op ien fan dy houtsjes in juffer. "Rûmte!" sei Ruerd....
nl.verhalenbank.29351
Hjir hat in frou wenne, dy leaude nergens oan. Sy wie sa werelds as it mar koe, om de ivige dingen tocht se net. Dêr spotte se mei. Hja gong op in joun to dânsjen mei nagelnije skuon oan. Doe hat se sa bot dânse dat der is neat mear fan dy skuon oerbleaun. 't Wie op in saterdeinacht. Mar sy is raer thús kom. De kweade hat har topakken hawn. En dat hat sa...
nl.verhalenbank.32983
Albert Alma wie Wibe syn heit. Albert wie doe noch net troud, hy hie forkearing mei Tet. 't Is dus al hiel lang lyn. Albert hie op in joun nei Tet ta west. Hy moest werom nei hûs ta. 't Wie in raren. Hy hie in pear nachten ûnder wetter west. Doe't er thús kom stie der ien dy die de doar foar him iepen. Hy gong nei binnen ta. De âlde minsken leinen al op...
nl.verhalenbank.25774
11