Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
195 results
Dutch Keywords: duivel Place of Narration: Harkema
Frijmitselders binne oan 'e duvel forkocht.
Alde Sije wenne by de Liuwepoel yn 'e Harkema. Dy hie him oan 'e duvel forkocht. Hy wie mei in swarte kat trije kearen om 't tsjerkhôf hinne west en alle trije kearen hied er roppen: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" Doe hied er in wikseldaelder krigen. Alde Sije wie hielendal blau om 'e kop. Dat kaem fan 'e drank. Hy koe safolle drank keapje as...
nl.verhalenbank.22230
Hjir wennen wol manlju yn 'e Harkema, dy koenen samar soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy lieten se dan marsjeare. Sokke mannen hienen konneksjes mei Satan.
Der binne dieren, dy kinne se mei in gewear noait reitsje. Sokke dieren dêr wennet de duvel yn.
Woe men in wikseldaelder ha, dan moest men trije kear mei in swarte kat yn in sek om it tsjerkhôf hinne rinne. Alle trije kearen moest men sizze: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" De trêdde kear woarde de kat jin ôfnaem en krige men der in wikseldaelder foar. Mar dan wie men oan 'e dûvel forkocht. Edzer Sint, seinen se, hie 'n wikseldaelder.
nl.verhalenbank.19990
Mike Ruerd (= R. v.d. Veen) wie de raerste fan 'e Harkema. Hy wraksele wit hoe faek mei de duvel.
nl.verhalenbank.27295
As in minske bang wurdt, dan sit him dat yn 'e duvel. Hwant de duvel giet as in 'briesende leeuw'.
Wibe Alma wie yn syn jonge jierren in raren. De duvel hat him us oer de Lange Wyk hinne smiten.
nl.verhalenbank.17380
Ik haw in âld man kend. Dy fortelde my, hy wie ris by Reid Keuning west op Koatstertille, dat wie ien, dy wie oan 'e duvel forkocht. Doe't er dêr in skoft sitten hie, wie Reid bigoun to lêzen yn in boek en doe wienen de soldaetsjes ta de hurddobbe útkom en dy wienen bigong to marsjearen. Doe hied er itselde weromlêzen en doe wienen se wer moai yn 't gelid...
De earste brêge dy't men krijt fan de Burgumermar nei Grins, neì de Strobosterbrêge, dêr is de duvel alris oer de feart sprong. Sy wienen dêr mei de brêge oan 't bouwen, dy wie noch net klear. Doe moest dêr in man lâns, dy tocht: Hwat bigjint it dêr to sûzjen. Hy sjen, en doe seach er, der sette hwat ôf oan 'e iene kant en dat kom oan 'e oare kant it...
Der wennen frijmetselers yn Stadskanael en omkriten. Dêr wienen dikke boeren ûnder. Frijmetselers matte om 'e sawn jier ien dea dwaen. Der wurdt om lotte hwa't dat dwaen mat. Gebeurt dat net dan mat dyselde sels stjerre. Sy ha in forboun mei de kweade. Fan jild ha se noait forlet. Dat is skoan to sjen, hwant it binne allegear rike lju. Dy't ienkear...
nl.verhalenbank.22207
Japik-om handele yn hjidde (dat kaem fan it flaechs). Hy gong der altyd mei Bouke Schievink op út. Bouke Schievink wie in hiele raren-ien. Dy hie him oan 'e duvel forkocht. Op in kear doe wienen se wer togearre om hjidde. 't Wie skimerjoun. Bouke sei tsjin Japik-om: "Sjochst him wol?" De duvel roan njonken Bouke lâns, mar Japik-om seach him net. De duvel...
Alde Edzer Sint hie in wikseldaelder. Dy hie er krige fan 'e duvel op in nacht. Hy wie mei in swarte kat yn in sek om 't tsjerkhôf hinne roan en doe hied er sein: "Duivel, wil je mijn kat ook kopen? De kat wordt mij ontnomen en ik krijg een daalder."
nl.verhalenbank.23923
De duvel hat Wibe Alma ek al ris smiten, oer de Lange Wyk hinne. Doe kom er út 'e kroech wei en hie 't raer opsein.
Sytse Jager wie myn omke. Dy is ris in kear thús kom, doe wie 't gjin minske mear. Sa bot hie de duvel him smiten. Oer de dyk en de beamwâl hinne.
nl.verhalenbank.33301
Douwe Bylsma to Harkema hie in buchel. Hy hat him by syn leven oan 'e duvel forkocht. Dan koenen de dokters letter mei de buchel dwaen krekt hwat se woenen. Hy hie in winkeltsje. Soms gong er op 'e toanbank lizzen op 'e buchel. Dan draeide er as in top yn 'e rounte op dat bucheltsje.
Earen woarde der faek ien yn 'e sleat smiten troch de duvel. Dan woarde der sein: Dy is yn 'e sleat smiten woarn, gjin wûnder, dy leaut oan God noch syn gebot. Sokke praetsjes hienen se dan.
nl.verhalenbank.28809
Hjir wienen minsken dy kaertspilen altyd in soad. De froulju dienen mei, ek as se yn forwachting wienen. As der bern geboaren woarden hienen dy in kaert op 'e holle of op 'e rêch of op it boarst. Dêroan koe men wite dat it duvelskaerten wienen.
By 't earmetsjerkhôf hjir yn 'e Harkema is ris ien yn 'e sleat smiten. Dat wie it wurk fan 'e duvel.
Willem Pyk (= Ophuis) hie in houn. Dy spûkgûlde soms. Dan sei Jits, syn wiif: "Der giet wer ien dea." Har buorman sei, as de houn spûkgûlde: "Dêr sjocht er de duvel, wer, Jits."
198