Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: duivel zeggen Place of Narration: Harkema
Hjir wennen wol manlju yn 'e Harkema, dy koenen samar soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy lieten se dan marsjeare. Sokke mannen hienen konneksjes mei Satan.
nl.verhalenbank.22286
Yn 'e Harkema hat in timmerman wenne, dy hiet fan Ruerd v.d. Veen. Dy sei: "Ik bin fan 'e duvel net bang." Doe ha se him sa bot smiten, dat hy is der oan stoarn.
nl.verhalenbank.25734
Ruerd v.d. Veen wie in raer man. Hy wie nergens bang foar, sei er. Op in joun kom er fan 't Bomkleaster. Dêr hied er timmere. Doe hat de duvel him mei 't bakje mei timmergereedskip en al yn 'e sleat goaid. Dit gebeurde op 'e Skalkepaden.
nl.verhalenbank.29330
Albert Gjaltema yn 'e Grinzer Pein wie mar in lyts koopmantsje. Mar hy hie noait forlet fan sinten, hy hie altyd wol jild om hannen. Hoe koe dat? De lju seinen, hy hie him oan 'e duvel forkocht. Op in nacht hied er fuort west, en doe hied er in wikseldaelder fan 'e duvel krige. Hy koe dy daelder út jaen, mar hy hie him fuort wer yn 'e bûse. Dêrtroch siet...
nl.verhalenbank.25558
Wibe Alma siet yn 'e kroech op it Jachtfjild. Doe sei er: "Al hwat my aenst yn 'e mjitte komt, dat meitsje ik dea, al wie 't de duvel ek." Doe't er út 'e herberch kom, kom der in lyts swart hountsje by him. Dat smiet him op 'e harsens yn 'e toarnen. Mear dea as levend is er thúskom. Doe't er thús wie skodde it hiele hûs.
nl.verhalenbank.20958
Mike Ruerd wie in raer man. Op in kear wied er oan 't timmerjen op it Bomkleaster. Doe sei er: "Ik bin foar gjin duvel bang." De jouns soed er nei hûs ta. Hy hie 't ridskipsbakje op 't skouder. Hy roan de Skalkepaedtsjes del om yn 'e Harkema to kommen. Hy moest forskillende houtsjes oer. Doe stie der op ien fan dy houtsjes in juffer. "Rûmte!" sei Ruerd....
nl.verhalenbank.29351
Bokke Noordman kom ris op in kear dronken thús. 't Wie yn 'e nacht nei tolven. Hy sei: "Tussen twaalven en enen is alles op de benen." Doe't er dat sein hie hie 't ynienen njonken him troch de beammen hinne sûze en dat wie sa bleaun oan syn hûs ta. Hy hie deabinaud west, hwant de kweade hie him dat lapt.
nl.verhalenbank.33418
7