Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: duivel vragen Place of Narration: Drachten
Der wie in boer, dy wie forlegen om jild. Hy hie alles al ôfreizge om jild to lien, mar net ien dy't him holp. Doe wie hy der wer us op in joun op út. Doe kom der him ien op side. Dy wie prachtich klaeid. "Woenen jo graech jild ha?" "Jonge ja", sei de boer. "Binne jo joun om tolve ûre hinne thús?" "Ja" sei de boer. "Hoefolle jild wolle jo ha?" "Earst mar...
nl.verhalenbank.25247
Yn in boereskuorre wienen froeger altyd houten pinnen troch 't groubynt hinne, op 'e plakken, dêr't de stile der troch sit. Dy pinnen stykje dêr in tûme trije bûten. Doe't ik us oan in âld timmerman yn Boarnburgum frege, hwerom dat sa wie, sei er: "Hantsje mat hâldfêst ha."(Hantsje is de duvel)
nl.verhalenbank.23996
Dyselde Auke Helmhout wie ek in frijmitseler. Yn 't tsjuster frege der: "Hoe sit it, ik mat even hwat jild brûke." Dan sei der in man yn 't tsjuster: "Hoefolle?" En dan krige er dat jild. Mar om 'e sawn jier mat der ien fan 'e frijmitselders dea. Sy lotsje der om hwa't dat wêze sil. Der wurdt in nûmer útskuord en dy sinen dat is, dy wurdt deamakke. Yn 'e...
nl.verhalenbank.19381
Hoe't men in wikseldaelder krijt: As men in wikseldaelder ha wol, mat men durf ha. En men mat nergens oan leauwe. Men mat in swarte kat oantuge. Dy kat mat men op 'e rêch yn in sekje drage. It mat roettsjuster wêze, gjin ljochtmoanne. Dan mat men 't hiele tsjerkhôf trije kear yn 't roun rinne. Elke kear as men it yn 't roun roan hat, mat men op syn minst...
nl.verhalenbank.19380
Sahwat in hûndertfyftich jier lyn wenne der yn Assen in faem, dy hie forkearing. Sy moest bifalle fan dy feint. De minsken seinen dat it gjin goed spul wie en sy fortelden it oan 'e burgemeester. Doe gong dy burgemeester nei de faem ta. Hy sei tsjin har: "Hoe bistû yn forwachting kom?" "Dat mei ik net sizze", sei de faem. "Né? Hwerom net?" frege de...
nl.verhalenbank.26121
5