Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
33 results
Dutch Keywords: duivel straf Place of Narration: Harkema
Yn 'e Harkema hat in timmerman wenne, dy hiet fan Ruerd v.d. Veen. Dy sei: "Ik bin fan 'e duvel net bang." Doe ha se him sa bot smiten, dat hy is der oan stoarn.
nl.verhalenbank.25734
Paulus wie in hiele raren-ien, 't wie de raerste fan Albert en Tet-jonges. Op in kear doe wied er yn 'e buert fan 't tsjerkhôf. Doe wie der samar in fremde kat oankom en dy hie him hielendal toklaud. Dat hie de duvel west.
nl.verhalenbank.22305
Sytse Jager wie myn omke. Dy is ris in kear thús kom, doe wie 't gjin minske mear. Sa bot hie de duvel him smiten. Oer de dyk en de beamwâl hinne.
nl.verhalenbank.33301
Aen wie in âld man. Hy wenne yn 'e Harkema. Hy leaude oan God noch syn gebod en wie in greate spotter. It gong him noait to raer. Op in kear lei er op bêd, doe siet der in gedaente op 'e stoel foar syn bêd mei egen as itensboarden. Hy die neat en praette ek net tsjin him. Aen wie stjerrendbinaud. It wie de duvel. Aen is troch dit gefal bikeard en gong nei...
nl.verhalenbank.21324
Sytse Jager fan 'e Smoarhoeke hie op in snein hiel bot flokt. "Ik wol mei de duvel fechtsje! Ik bin foar gjin duvel bang!" en sokke dingen mear hied er mar roppen. Hy wie tusken oar jongfolk yn. Doe woarde er opnom en oer de dyk hinne smiten. Letter wied er altyd binaud. Hy doarst by nacht net allinne to reizgjen.
nl.verhalenbank.29354
Sytse Jager wie ris mei in stik of hwat fan syn kammeraden op 'e Húsloane (de wei nei 't Bomkleaster ta). Hy wie in greate spotter. Dy jouns hied er ek wer forkeard praet hawn en dêrby wied er dronken. Hy woarde ynienen by syn maten weinom en oer de dyk smiten. Dat wie de duvel syn wurk. Dy reis hat him net smakke. Hy hat letter noait wer allinne jouns by...
nl.verhalenbank.32984
Teunis Holthuis hjir fan 'e Harkema wie in tige bêste man, mar yn syn jonge jierren wied er los en krekt as syn heit doe't dy jong wie. Mar doe't it to raer mei him gong hat de duvel him der mei bimuoid. Dy hat him in kear pakt en oer de dyk hinne smiten. Dat gebeurde oan 'e Rydloane tusken Harkema en Bomkleaster. Sûnt wie Teunis bikom. Hy woarde in...
nl.verhalenbank.32987
Rinse de Wind wie in hiele raren. Hy wenne yn 'e Harkema. It wie in earsten fjochtersbaes en hy flokte as in ketter. Doe't er it ris wer in kear raer dien hie, wie der in grouwe houn dy't him thús brochte. Dat wie de duvel sels.
nl.verhalenbank.29378
Yn 't hûske, dêr't nou Wiger Koaning wennet (oan 'e Lange Wyk) wenne froeger Jelle van der Wiel mei syn mem. (Jelle wennet nou yn Droegeham) Doe't syn mem noch leefde hat dy my us forteld, dat Jelle hie us hiel bot flokt. Doe wied er tsjin 'e groun oan smiten woarn. Dat wie it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.22714
Ruerd v.d. Veen wie in raer man. Hy wie nergens bang foar, sei er. Op in joun kom er fan 't Bomkleaster. Dêr hied er timmere. Doe hat de duvel him mei 't bakje mei timmergereedskip en al yn 'e sleat goaid. Dit gebeurde op 'e Skalkepaden.
nl.verhalenbank.29330
In kloftsje folk wie meielkoar fan 't Jachtfjild kom út 'e kroech. Ien fan har bleau mei syn faem achter. Hy hie 't freeslik opsein yn 'e kroech en de duvel der hyltyd mar by roppen. Doe wie der ûnderweis in dikke houn út 'e daem tofoarskyn kom, dy hie him ôfgryslik tatakele. Syn faem wie der by wei roan.
nl.verhalenbank.22307
Jan van Houten wie sa'n twintich jier âld. It wie in greatsprekker en in spotter. Hy fordomde God en alles en hy wie foar de duvel net bang, sei er. Op in nacht kom er út in café. Underweis woarde hy sa bot slein, dat hy rekke bûten kennis. Doe't er wer by kom dienen de lea him sa sear, dat hy kreunde der oer. De duvel hie him to pakken hawn. Letter wied...
nl.verhalenbank.33414
Myn earste man wie us mei syn broer Jehannes oan 't hofkesjongen. Myn man siet yn 'e apelbeam en Jehannes stie op 'e útkyk om to sjen of der ek us ûnrie oankomme koe. Doe sei myn man: "Jehannes, dû mast de beam net sa skodzje, jong." Mar Jehannes wie net by de beam. Hy stie by de homeije, in hiel ein fierder. It wie de duvel dy't de beam skodde hie.
nl.verhalenbank.22308
Sytse Jager wie us tichte by de staetsskoalle. Dêr mat er bot flokt ha en spot. Hy sei doe, hy woe de duvel wol us sjen. Doe kom der in hiel lyts mantsje oan, dy smiet him boven oer de hagen hinne.
nl.verhalenbank.22269
Yn 'e Hamsterheide wenne us in man, dy wie sterk oan 'e drank. Hy spotte altyd mei de duvel. Doe woarde er op in kear samar oer de boskjes hinne smiten, dêr't er foar dea lizzen bleau. It wiif hat him de oare moarns op in karre nei hûs ta brocht. Hy hat gâns in skoft siik west.
nl.verhalenbank.21249
It is ris yn myn tiden gebeurd dat Sytse Jager hwat bileefd hat. 't Gebeurde op in snein-to-joun. Sytse wie in man fan swearen en swetsen; en flokke dat it raer wie. Op in joun wie er mei in ploechje jongfolk der op út, feinten sawol as fammen. 't Wie al hwat let. Se wienen by in heidefjildtsje, dêr wienen sângatten. Sytse sei: "As wie 't de duvel èk,...
nl.verhalenbank.33641
Mike Ruerd wie in raer man. Op in kear wied er oan 't timmerjen op it Bomkleaster. Doe sei er: "Ik bin foar gjin duvel bang." De jouns soed er nei hûs ta. Hy hie 't ridskipsbakje op 't skouder. Hy roan de Skalkepaedtsjes del om yn 'e Harkema to kommen. Hy moest forskillende houtsjes oer. Doe stie der op ien fan dy houtsjes in juffer. "Rûmte!" sei Ruerd....
nl.verhalenbank.29351
Rinse-om hie us in kear spul hawn mei Auk-moai (syn wiif). Hy hat it my sels al us forteld. De moarns hie Auk-moai strûkmoes ite sild. 't Siet al yn in greate panne. Doe hied er út lulkens boven oer de boerekoal hinne pisse. Doe gong er nei 't lân ta to Readskuorre. Dêr moest er skoffelje. Doe't er ien rige skoffele hie gong er nei de oare ein fan 't lân...
nl.verhalenbank.22270
Mike Ruerd (= R.v.d. Veen) is ekris smiten woarn. Dat hied er wol fortsjinne. Ruerd wie in beul fan in keardel, dy't syn wiif skandalich bihandele hat.
nl.verhalenbank.32985
Alde Wibe Alma is ek alris smiten woarn. Dy makke it der sels nei, 't wie in goddeloazen-ien.
nl.verhalenbank.29331
33