Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 results
Dutch Keywords: duivel soldaat Place of Narration: Harkema
Ik haw in âld man kend. Dy fortelde my, hy wie ris by Reid Keuning west op Koatstertille, dat wie ien, dy wie oan 'e duvel forkocht. Doe't er dêr in skoft sitten hie, wie Reid bigoun to lêzen yn in boek en doe wienen de soldaetsjes ta de hurddobbe útkom en dy wienen bigong to marsjearen. Doe hied er itselde weromlêzen en doe wienen se wer moai yn 't gelid...
nl.verhalenbank.28508
Minse Griper liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy marsjearden oer de flier. Hy liet ek wol ris in flesse drank komme. Hy stjûrde skoppenboer fuort. It earste romerfol drank smiet er oer 't linkerskouder hinne. Dat wie foar de duvel.
nl.verhalenbank.25797
Alde Foppe Ophús fan 'e Harkema koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy hie him oan 'e duvel forkocht en hie in wikseldaelder. Hy wie noait earm. Foppe Sint neamden se him. Hy koe lêze noch skriuwe. Edzer Sint dat wie famylje fan him. Dy hie ek in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.20660
Edzer Sint koe soldaetsjes út 'e hurddobbe komme litte. Dat wie in fremd man. 't Koe wol wêze, dat er sinten brûke moest, mar in oar net bitelje koe mar dat er de oare deis in berch jild hie. Hy hie him forkocht oan 'e duvel. Hy hie in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.16857
4