Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: duivel sloot Place of Narration: Harkema
Earen woarde der faek ien yn 'e sleat smiten troch de duvel. Dan woarde der sein: Dy is yn 'e sleat smiten woarn, gjin wûnder, dy leaut oan God noch syn gebot. Sokke praetsjes hienen se dan.
nl.verhalenbank.28809
By 't earmetsjerkhôf hjir yn 'e Harkema is ris ien yn 'e sleat smiten. Dat wie it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.28800
As minsken froeger dronken wienen, woarden se faek opnaem en fan 'e wei ôfsmiten. Sy kamen dan meastal yn 'e sleat tolânne. Se seagen noait hwa't it die, mar it wie de kweade. In jonge, like âld as ik dat wie Tsjerk fan Marten Baeije (v.d.Veen); dy is 't oerkom, doe wied er sa'n tweintich jier. Hy wie doe dronken en is yn 'e feart smiten. Hy hat it mysels...
nl.verhalenbank.19357
Ruerd v.d. Veen wie in raer man. Hy wie nergens bang foar, sei er. Op in joun kom er fan 't Bomkleaster. Dêr hied er timmere. Doe hat de duvel him mei 't bakje mei timmergereedskip en al yn 'e sleat goaid. Dit gebeurde op 'e Skalkepaden.
nl.verhalenbank.29330
Op in kear doe hie Ruerd to timmerjen west. Hy gong de jouns oer de Scholtepaden wer nei hûs ta. Dêr leinen allegearre houtsjes oer de sleatten. Ruerd hie de timmerbak op 'e nekke. Doe't er op ien fan 'e houtsjes stie, woarde hy der samar ôfsmiten mei timmerbak en al. Hy kom yn 'e sleat tolânne. De timmerbak ek. Hy is út 'e sleat weikrûpt en doe is er nei...
nl.verhalenbank.19548
Der wenne in timmerman yn 'e Hamsterheide, dat wie Ruerd van der Veen. Mike Ruerd seinen se altyd. Der wie gjin raerder yn 'e hiele Hamsterheide. Hy leaude oan gjin duvel noch syn moer en hy flokte om 't oare wurd. Hy biwearde, hy woe neat leaver of de duvel us sjen, en dan leafst yn 'e gedaente fan in moai frommes. Dan hie hy der èk noch hwat oan. Op in...
nl.verhalenbank.16906
Ruerd van der Veen wie de greatste spotter fan 'e Harkema. Elkenien wie bang foar him, hwant hy wie oan 'e duvel forkocht. Hy wie timmerman en hy timmere oan in plaets op it Bomkleaster. Op 'e joun soed er wer op hûs yn. De bak mei ridskip - de beitel, de sage ensa - hied er op 't skouder. Tusken 't Bomkleaster en Readskuorre bin 't allegearre houtsjes...
nl.verhalenbank.15675
Krekt sa'n gefal gebeurde der ek op 'e Lange Wyk. In man kom út 'e kroech. Hy hie in stik yn 'e kraech en sei it raer op. In hiel lyts mantsje nom him op en smiet him yn 'e Lange Wyk. Oan 'e oare kant de feart is er by de wâl opklaud.
nl.verhalenbank.21257
De wikseldaalder Fan dy wikseldaalder, dat is hjir yn 'e Peinjerwei bard, de nije wei, dat de Grinzerwei is. Ha jo de ...'s wol kend, dy feekeapljuwe? Dy rieden earst mei in hûnekarre, mei hintsjes en hoantsjes en sa, mar doe waarde Albert, ien fan dy bruorren, ynienen grut keapman. Hûndert skiep wie him neat. De man is stoarn mei in dik kaptaal jild. Dy...
nl.verhalenbank.12469
9