Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: duivel roepen Place of Narration: Harkema
Alde Sije wenne by de Liuwepoel yn 'e Harkema. Dy hie him oan 'e duvel forkocht. Hy wie mei in swarte kat trije kearen om 't tsjerkhôf hinne west en alle trije kearen hied er roppen: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" Doe hied er in wikseldaelder krigen. Alde Sije wie hielendal blau om 'e kop. Dat kaem fan 'e drank. Hy koe safolle drank keapje as...
nl.verhalenbank.22230
Woe men in wikseldaelder ha, dan moest men trije kear mei in swarte kat yn in sek om it tsjerkhôf hinne rinne. Alle trije kearen moest men sizze: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" De trêdde kear woarde de kat jin ôfnaem en krige men der in wikseldaelder foar. Mar dan wie men oan 'e dûvel forkocht. Edzer Sint, seinen se, hie 'n wikseldaelder.
nl.verhalenbank.19990
Doe't myn wiif Sjouk noch faem wie, hie se faek lêst fan nachtmerjes. Sy slepte op 'e souder en sy hearde de nachtmerje wol by de trap opkommen. It wie slim sa't dy nachtmerje har altyd pleage. Doe sei har mem tsjin har: "Ast de nachtmerje nou wer oankommen hearste dan mast hinnegean en siz trije kear hiel lûd: "Duvel, duvel, duvel, dû wurdst gjin baes...
nl.verhalenbank.17536
Dy't him oan 'e duvel forkocht, hie noait wer forlet fan sinten. Dyselde moest in swarte kat fange en dêr mei nei 't tsjerkhôf ta gean. Dan moest er trije kear mei dy kat om 't tsjerkhôf hinne rinne. En dan moest er roppe: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" De trêdde kear kom der fansels ien by him. Dat wie de duvel. Dy joech er de kat oer en dêr...
nl.verhalenbank.29349
Ien dy't in wikseldaelder ha woe, moest in swarte kat oantuge. Mei dy swarte kat moest er trije kear om 'e tsjerke hinne rinne. Elke kear moest er troch de tsjerkedoar roppe: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" De trêdde kear woarde dan de doar op in kier dien en de wikseldaelder woarde him foar de kat jown.
nl.verhalenbank.21309
5