Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: duivel zien Place of Narration: Harkema
Willem Pyk (= Ophuis) hie in houn. Dy spûkgûlde soms. Dan sei Jits, syn wiif: "Der giet wer ien dea." Har buorman sei, as de houn spûkgûlde: "Dêr sjocht er de duvel, wer, Jits."
nl.verhalenbank.28561
Thysom, dat wie ús heit syn omke. Dy hie in bern, dat rekke bitsjoend. Earst woe Thysom dat net leauwe, mar it kaem doch sa fier, hy rekke nei de duvelbander Wopke fan Kûkherne ta. 't Wie midden yn 'e winter en der lei in dikke laech iis. Dat omke gong der op redens hinne. Wopke joech him in drankje mei, mar sei: "Tink der om, ûnderweis komt der dy ien...
nl.verhalenbank.19344
Lou van der Woude ried mei âlde dûmny Kimp fan de Ham yn 't rydtúch. Dûmny hie to preekjen west. Bauke Schievink roan 't Langpaed del, dat fan Surhuzum nei Readskuorre giet. Dêr kom de kweade him op side. Dy bleau by him oan it Kleasterbreed ta en liet him hyltyd de tosken sjen. Dûmny en Lou kommen dêr lâns. Dûmny sei tsjin Lou: "Schievink hat dêr ek in...
nl.verhalenbank.17533
Piter Alma mei nòch ien fan 'e Harkema wienen togearre to murdzjen. Doe kommen se by 't kleaster. Dêr gongen se achterút. Se gongen skean de paden oer en stapten oer in bartsje, dat oer de sleat lei. De houn soe der ek oer, mar dy bleau der foar stean en bigong to janken. Hy pipe 't út. "Hark ris," sei Piter, "dit doocht net." "Hwat soe der wêze?" sei de...
nl.verhalenbank.22261
Yn 'e tiid dat plysje Bekkema hjir noch stie kom ik ris op in nacht let thús. 't Wie ljochtmoanne-waer. Doe't ik omtrint thús wie, sprong der in geit oer fjouwer triedden hinne. Ik tocht dat it ús geit wie. Doe't ik yn 'e hûs kom wie ús eigen geit dêr. 't Hie dus in fremde geit west. (de duvel)
nl.verhalenbank.33015
Myn wiif hat froeger in toverboek sjoen. Hja tsjinne doe yn Warten by in boer en wie goed fjirtsjin jier âld. Dêr wenne in boerefeint by dy boer, dy hie sa'n boek. Hy neamde it: 'Het zwarte boek van de duivel'. Hy die it iepen en sei tsjin myn wiif: "Nou mast dit lêze. En dàn mast datselde wer tobeklêze." Mar myn wiif doarst net. It wie in boek mei in...
nl.verhalenbank.32753
Yn 'e Hamsterheide wie op in jountiid let in man allinne op in paed. Ynienen seach er, dat der in frommes foar him op roan, en doe't er better taseach, miende hy dat it syn frijster Griet wie. Hy tochte ik rin hwat hurder, dan kin ik mei har oprinne. Mar hoe hurder hy bigong to rinnen, hoe hurder ek hja it op in rinnen sette. Nou en dan seach se om en dan...
nl.verhalenbank.15787
Heit syn omke seach us hwat yn in beam. Dat doochde net neffens him. Hy bleau stean en wie bang. Doe sei er: "As jo in ingel des lichts binne kom dan ta my, mar binne jo fan 'e kweade, gean dan fuort." Doe wie't ynien fuortrûze.
nl.verhalenbank.19342
Alde Bartele Pypke (= B. Bijma) wie mei noch trije man to fiskjen tichte by de Leijen. Sy sieten dêr by in âld dyk. De trije dy't by him wienen, dat wienen forkearden, dy dienen oars neat as spotten en wienen nergens binaud foar, biwearden se. 't Wie stil waer, mar doe bigong it ynienen bot to waeijen. Doe seagen Bartele syn trije maten ynienen hwat. Sy...
nl.verhalenbank.25744
Bôkke Noordman wie in hiele raren ien. Hy flokte en swearde en sûpte hiel bot. Hy kom us fan Feanster merke. Hy hie dêr net in faem krije kind en hy woe dòch ien ha. "Ik wòl in faem ha," sei er, "al mat ik mei in ezel yn 'e hûs sitte." Doe stapte der him samar in ezel op side. Doe woarde Bôkke sa binaud, dat hy kloppe âlde Willem Hofstede fan bêd. Hy...
nl.verhalenbank.21235
10