Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 results
Dutch Keywords: duivel smijten Place of Narration: Drachten
Duvels sweefden oeral om. Yn Zevenhuizen is 't gebeurd, dat in timmerman mei in bak mei spikers ûnder 'e earm samar ynienen optild waerd en oer de feart smiten.
nl.verhalenbank.31651
Yn 'e Wylgen wenne in tige ûnforskillich man. Dy biwearde, hy wie foar noch gjin duvel bang. Mar dy wurden hat er bilije matten. De duvel hat him letter smiten. Doe wie er lytsman.
nl.verhalenbank.29647
To Eastemar oan 'e Swarte wei mat it gebeurd wêze dat Jan Hinses smiten woarn is. Jan Hinses wie in drankman. Hy mat doe sa hartstikke dronken west ha, dat de duvel him opnom en him oer de dyk hinne smiet. Hy kom yn 't lân fan Sibe de Jong tolânne. Sûnt hat er net wer sûpt.
nl.verhalenbank.33041
Jehannes van der Zee wie fêste arbeider by in dikke boer yn Sumar. Om dêr to kommen moest er de Harste del en dan de lannen troch. Dy Jehannes van der Zee wie in ûnforskillich meubel en in greaten spotter. Hy leaude oan God noch syn gebod. Op in moarn by 't tsjuster, doe't er om fjouwer ûre by de boer wêze moest, doe krige er in prûmke út 'e tabaksdoaze...
nl.verhalenbank.33372
Der wie in man dy tocht allinne mar oan jild. Hy mishandele syn wiif, dat altyd sunich wie en hy gunde net in minske hwat. It jild hie him foargoed yn 'e macht. Op in kear, doe roan er oer de wei, en doe wie er ynienen samar smiten woarn. Tagelyk wie 't allegear jild om him hinne. Mar dat wie it jild fan 'e duvel en hy hie bigrepen dat dit in les foar him...
nl.verhalenbank.27932
In âldomke fan my moest us op in joun let nei 't Fean ta. 't Wie in hiele raren ien, in almachtigen keardel, dy't nergens bang foar wie. "Ik bin foar gjin duvel bang", sei er en hy wie sa ûnforskillich as hwat. Hy soe nei pake ta. Underweis, by de Oene Hindriksreed ûnder 't Fean waerd er samar opnom en in ein fuortsmiten. 't Is jierren lyn, dat dat...
nl.verhalenbank.25411
Yn Lukaswoude (Gr.) siet yn it café in feint, dat wie in greaten spotter. Hy wie dêr oer iis op redens kom. Hy flokte en swetste mar en sei: "Ik bin foar gjin duvel bang. As ik aenst nei hûs gean, dan hoopje ik, dat er om my komt." Even letter gong er út 'e herberch. 't Wie helder ljochtmoanne-waer. Hy boun de redens ûnder. Hy moest oer in kanaeltsje. Dêr...
nl.verhalenbank.19850
As guon it raer opseinen en biwearden dat se foar gjin duvel bang wienen, woarden se soms troch de duvel smiten.
nl.verhalenbank.36924
Guon dy't swetsten en swearden woarden wolris troch de duvel smiten.
nl.verhalenbank.24686
Alde Rinse de Wind fan 'e Harkema hat ek us in ûntmoeting hawn. Dy waerd dêrby ek smiten.
nl.verhalenbank.25414
't Is net like folle hwat men docht of hwat men seit. Yn it café fan IJe Hulshof yn Surhuzum wienen op in joun in stik of hwat greate spotters byelkoar. Dy praetten ûnderinoar ôf, sy woenen dêr it heilich avondmaal fiere. Dy't foargean soe, hie in swart dûmnyspak oanlutsen en in hege hoed opset. Hy soe 't avondmaal útdiele. Se hienen bôlle en wyn kocht....
nl.verhalenbank.19378
Thomas en Klare hienen nei Eastemarre merke ta west, mei de hounekarre mei guod. Werom reizgen se oer de Mûzegroppewei en de Langewyk. Underweis hipte der in kat by har op 'e karre. Thomas soe dy kat der ôf wippe, mar doe koe syn pols net fierder, 't wie krekt as woarde de hân him stiif. "Gean wei, Satan", sei er. Doe woarde er yn 'e wâl smiten.
nl.verhalenbank.23482
12