Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
43 datasets found
Dutch Keywords: duivel opzijgezet
Jehannes Jager syn broer Sytse moest us in kear út 'e broek. Doe woarde er krige en fan 'e iene kant oer de dyk nei de oare kant smiten. Hyltyd mar wer. Op 't lêst wied er lizzen bleaun, alhielendal slop en blau. Oaren ha him dêr wei helle. 't Wie in raer man. De duvel hie 't dien.
nl.verhalenbank.22229
Stammerige Harm fan Twizelerheide is ris in kear oer de Swâdde smiten woarn troch de duvel. Hy hie in wikseldaelder en sadwaende altyd wol jild om hannen. Hy handele yn fodden ensa.
nl.verhalenbank.22957
It is us in kear op 'e Lange Wyk gebeurd, dat dêr ien oer de dyk smiten woarde. Dat wie in tige rûch man. Hy hie earst in skoft yn 'e kroech sitten en rare wurden brûkt. Dêr hied er de boel forsweard. Doe hat de duvel him opnom en oer 't wetter smiten.
nl.verhalenbank.22955
Mike Ruerd fan Harkema dekte en timmere beide wol. Op in kear hied er oan 't dekken en timmerjen west mei in pleats op it Bomkleaster, dêr sieten gatten yn it dak. It gong der dy deis bot oan wei mei him. Hy die 't raer. Doe't er dy jounes mei syn timmerark nei hûs soe roun er skean oer de houtsjes nei Readskuorre. Doe't er oer ien fan 'e houtsjes soe,...
nl.verhalenbank.18161
Ruerd van der Veen wie timmerman. Hy timmere us in kear op 't kleaster. 't Wie in ûnminske. Doe't it wurk de jouns dien wie, moest er skean de lannen troch en de bartsjes oer, dan wie er 't gauste thús. Doe stie er foar ien fan 'e bartsjes. Hy soe der oer. Mar oan 'e oare kant stie èk ien. Ruerd sei: "Ik der oer of dû der oer, g.v.d. Dêr wei, siz ik dy,...
nl.verhalenbank.25352
Op 'e Wâl wenne in sekere Douwe. Dat wie in earst raren. Hy siet altyd yn 'e kroech en hy wie foar neat bang. Dêr yn 'e kroech spile er op 'e harmoanika. Hy spile de flokwurden. Mar doe krige de duvel him in kear topakken. Doe't er út 'e kroech wie, waerd er oplichte en oer de beammen hinne smiten. Dat wie op 'e Prester-ikker. Jehannes Procee kom dy...
nl.verhalenbank.17082
Der siet op it Jachtfjild yn 'e kroech ien dy stie nergens foar. Hy wie noait bang. Hy wie tige oan 't opskeppen en sei: "Ik sil de duvel smite as in pod." Mar doe't er bûten kom, smiet de duvel hìm. Hy kom yn 'e Langewyk tolânne. Syn maten ha noait ien sjoen.
nl.verhalenbank.21929
It gebeurde wol dat der lju út 'e kroech kommen, dy 't it raer en ûnfoech opsein hienen. Sokken joegen nergens om. Dan pakte de duvel har en dan woarden se in ein fuortsmiten.
nl.verhalenbank.25233
Der is ek us ien smiten woarn op 'e Wâl, dy kom wer oerein en roan sa hurd nei hûs ta, dat hy is troch de tichte doar yn 'e gong kaem.
nl.verhalenbank.17083
Doe't Jehannes van der Zee fan 'e Gariperheide us op in moarn nei de boer ta soe, dêr't er arbeider wie, kom de kweade by him. Dy hat Jehannes doe smiten.
nl.verhalenbank.22992
Wylde Tsjerk (van der Veen ^ 1968 to Sumar) wie froeger in raren. 't Wie in forwoest man. Hy leaude nergens oan en hie oeral de spot mei. Hy wenne hjir yn 'e Harkema. Op in moarn gong er nei de boer ta. Hy moest de Betonwei lâns, dat wie doe in sânpaed. Hy gong nei de Ham ta to melken. Op 't lange ein ha se him smiten, net sunich. Dat hat de kweade dien.
nl.verhalenbank.25351
Jan Stokje (= J. Kooistra) fan Jistrum is ris in kear smiten woarn nei't er yn 'e herberch sitten hie, dêr't er 't raer opsein hie. De kweade smiet him oer de Barnde Harm (leit yn 'e Mieden) hinne.
nl.verhalenbank.24488
Yn 'e Harkema wenne in keardel, dat wie Wibe Hut (= W. Alma). Dy siet us yn 'e kroech op it Jachtfjild. Hy swetste mar op en mar flokke. Hy wie foar gjin duvel bang, sei er. Doe't er nei hûs ta soe, is er opnom woarn en fuortsmiten. Datselde is Sytse Jager fan 'e Harkema ek ris oerkom.
nl.verhalenbank.24310
It hat hjir yn 'e Westerein de gewoante west dat der guon alle jounen oan 't kaertspyljen wienen. 't Gebeurde yn in gewoan partekulier hûs. Dan gong 't der altyd bot oan wei. Der waerd by sûpt en flokt. Myn omke kaem dêr ek altyd. Dy spile ek altyd mei. Hy flokte as in ketter. Op in joun kaem hy der út. Doe soed er op hûs yn. Mar ûnderweis waerd er opnom...
nl.verhalenbank.29768
Der kaem ris ien út 'e kroech, dy hie 't raer opsein. Hy wie op 'e Lange Loane hjir, doe waerd er ynienen beetpakt, sûnder dat er hwat seach. Dyselde tilde him op en smiet him yn 'e sleat. Dat wie it wurk fan 'e kweade.
nl.verhalenbank.29718
Yn Feansterheide op 'e hoeke by de Trije Roede hie Haring Land in café. Dêr plichte Greate Germ (Germ Smous) faek to kommen. Germ Smous soop as in mûs. Faek wied er dronken. Sneins gong it altyd op in kaerten en dan wie 't snijen en fechtsjen. Op in kear wied er wer dronken. Doe't hy der útsmiten woarde, sei er: "Ik bin foar de duvel net binaud." Mar...
nl.verhalenbank.22067
Piter Postma wenne op 'e Broek. Hy mocht graech strune. Hy stie to harkjen by de doarren en seach ta de glêzen yn by oare minsken. Op in joun, doe't er wer oan 't strunen wie, wie er opnommen woarn en in ein fuortsmiten. Dat hie de kweade dien.
nl.verhalenbank.25126
Wibe Alma wie yn syn jonge jierren in raren. De duvel hat him us oer de Lange Wyk hinne smiten.
nl.verhalenbank.17380
Alde Lútsen wie de heit fan Antsje Rinkelbel. Hy wenne oan 'e Fjouwer Roede. Sy neamden him ornaris Rinkelsma, omdat er jouns wol us op 'e harmoanika spile en dan song er dêr altyd in ferske by dat gong oer in sekere Rinkelsma. Hy hie in synbult op 'e rêch sitten sa great wol as in fuotbal. En ûnder 'e earm hied er ek sa'n greate bult. 't Wie in raren...
nl.verhalenbank.25483
Der wie in feint, dy wie dronken. Sa kom er by syn âlden thús. Mar dy woenen him der net yn ha mei syn dronkene kont, en sy jagen him fuort. Doe kocht er noch in pear en it gong op in flokken en swetsen, dat it raer wie. Doe gong er út 'e kroech wei en roan by de Kollumer tsjerke lâns. Dêr woarde er pakt, mar hy seach net ien. Flak foar de hameije fan 'e...
nl.verhalenbank.20115
35