Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
45 datasets found
Dutch Keywords: duivel genoeg
Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. Dy ha noait gebrek oan jild.
nl.verhalenbank.38477
Frijmitselers, dat binne minsken, dy kinne in oar fêstsette. Ik hie in kammeraet, dy koe 't ek. Dy hat us in plysje fêst set. Dy koe net in stap mear gean. Ik wie der by. 't Wie op 'e Nije Wei. Doe't it lang genôch duorre hie, sei er in pear wurden, doe koe dy plysje wer rinne. Fan 'e frijmitselders mat der om 'e sawn jier ien dea. Sy krije jild fan 'e...
nl.verhalenbank.28062
Stammerige Harm haw ik skoan kend. Hy wenne yn Twizelerheide en handele yn âld izer, blik, fodden en al sok spul. Alles wie fan syn gading. As der hwat op in hiem lei dat fandele er op. Hy hie yn 'e iene hân in stôk en mei de oare hâldde er in âld sek beet, dy't him oer 't skouder hong. Dêr die er alles yn hwat fan syn gading wie. In hiele bult âld izer...
nl.verhalenbank.34500
Yn 'e Westerein by 't spoar wenne in winkelmantsje, dy hie noait forlet fan jild. Dy koe dwaen hwat er woe. Hy hie him oan 'e duvel forkocht: 't wie in frijmitseler.
nl.verhalenbank.33455
Alde Taeke Pyt hie har oan 'e duvel forkocht. Doe't in oar yn 'e earmoed siet, hie hja altyd sinten. Mar sy is in rare dea stoarn.
nl.verhalenbank.28048
Lju dy't forlet fan jild ha geane by de frijmetselaars. Dan ha se noait wer forlet. Dêr soarget de duvel wol foar.
nl.verhalenbank.23050
Frijmitselders ha in wikseldaelder. Dêrtroch ha se noait gebrek oan sinten, hwant sa'n wikseldaelder rekket net op. Dy krije se fan 'e duvel. Dêr ha se in forboun mei sluten. Ien dy't frijmitselder is, kin net wer in gewoan minske wurde. As se der by wei wolle wurde se deamakke. De gebouwen fan 'e frijmitselers sitte gjin glêzen yn. Se jowe twa fingers...
nl.verhalenbank.33056
Frijmitselers ha noait gebrek oan jild. Se ha in forboun mei de duvel, se binne oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.38212
Frijmitselers binne ek kûgelfrij. Dy binne oan 'e duvel forkocht. Sy wurde blyndoekt yn in gebou brocht. Dêr sette se foar har in krús op 'e muorre. Dêr matte jy dan mei eigen bloed it mes yn stekke. Jo kinne der noait wer by wei as jo der ienkear by binne. Jo barre der sinten foar. Jo kinne sizze hwat jo leafst ha. In buorkerije of in gernierkerije of...
nl.verhalenbank.24174
Guon dy't in helm ha, wurdt der sein binne kûgelfrij. Ik haw ek wol heard dat it skip fan in skipper, dy't in helm hat, noait forgiet. Frijmitselders binne ek kûgelfrij, wurdt der biweard. Sy ha altyd sinten, dat komt, sy ha in wikseldaelder. Dy rekket noait op. As se jild brûke matte hingje se jouns in lege ponge bûten oan 'e kruk fan 'e doar. De oare...
nl.verhalenbank.24214
Frijmitselers ha alyd hwat oan har hûs dat net ôfmakke is. It ûleboerd of sa. Om 'e sawn jier mat der ien fan har stjerre. Sy ha in forboun mei de duvel. Elk fan harren hat in wikseldaelder, dat sy ha noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.27696
Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. As se it gebou binnen komme, wurde se earst blyndoeke. Hja ha noait forlet fan jild. Sy sette mar in klomp foar de doar, dy is dan de oare moarns fol.
nl.verhalenbank.25641
In frijmitseler hat noait forlet fan jild. Dat krijt er fan 'e duvel. Mar om 'e sawn jier mat der ien fan 'e mannen dea. Sa hat in sekere dokter Dittmann dy't yn in doarp by Bentheim wenne yn Dútslân, himsels formoarde. It wie de húsdokter fan myn húshâldster har folk.
nl.verhalenbank.27733
In sekere Praamsma fortelde my: Ik hie in omke op it Blaufallaet to wenjen, dy koe omraek spotte. "Ik rêd wol mei de duvel ôf," sei er, "as dy op myn wegen komt." Op in kear kom de duvel op syn paed. Doe gong it bot op in fechtsjen. It kom der sa op oan, dat dy omke syn nije klompen rekken yn spuonnen en syn klean woarden alhiel forskuord. Hy hie der...
nl.verhalenbank.17747
Frijmitselers hienen har oan 'e duvel forkocht. Se hienen in wikseldaelder, dat is in ryksdaelder, dy't noait op rekket. Dy droegen se altyd by har, dy rekken se noait wer kwyt. Sy krigen sa'n wikseldaelder fan 'e kweade. Stammerige Harm hie ek in wikseldaelder. Dy hie noait forlet fan jild. Us heit leaude fêst dat er sa'n wikseldaelder hie. Dy't ien kear...
nl.verhalenbank.33592
Frijmetselders ha har oan 'e duvel forkocht. Hja ha noait forlet fan jild. Hja kinne 't altyd skoan rêdde.
nl.verhalenbank.37938
Frijmitselders binne oan 'e duvel forkocht. It binne minsken sûnder geloof. Jild krije se fan 'e duvel. Sy ha noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.21627
Als je een verdrag met den duvel gesloten had, dan koste dat allein maar verbreken door den duvel get te bevelen dat ie neet volbringen kos. Zo heb ich es horen vertellen dat er einen van Kinder den duvel heeft kunnen kloeten door hem te zeggen dat ie in zijnen strond ne knoop moest leggen en van te veuren had ie veel appelespijs gegeten en dan weiste wel...
nl.verhalenbank.35893
Frijmitselers ha noait forlet fan jild. Se binne oan 'e duvel forkocht en hja kinne net wer út dy syn klauwen wei komme.
nl.verhalenbank.38192
Frijmitselers wienen fan 'e duvel. Se binne noait sûnder sinten. As se forlet fan jild ha hingje se op 'e telle in lege ponge op en dy is dan de oare deis wer fol jild.
nl.verhalenbank.33617
35