Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: drempel gat
Wy hienen in famke, dat wie altyd gammel en siik. Doe kom der ris in kear in sekere Filippus by ús. Dy sei: "Hwat is hjir to rêdden? Is jimme fanke siik?" "Al in hiel skoft", sei 'k. Hy sei: "Jimme matte nei de duvelbander, hwant der sil wol hwat oars achter sitte. Jimme bern sil wol bitsjoend wêze. Ha jim it kessen al ris iepenmakke?" Doe makken wy it...
nl.verhalenbank.27554
Binne kastelein wie in gefaerlik man. Hy bitsjoende it fé. Soms wienen alle bargen samar dea, as hy der west hie. Ek minsken bitsjoende er wol. Der waerd froeger by ús in gat yn 'e drompel boarre en dêr waerd in stik duveldrek ynlein. Dat wie foar tsjoenderije.
nl.verhalenbank.38070
Fan sawn op elkoar folgjende dochters is de âldste of de jongste in nachtmerje. Sa'n nachtmerje giet faek nei ien fan 'e buorlju ta. Sy kin troch alle lytse gatsjes. Meastal giet se troch 't slotsgat. Men struit moal op 't gesicht om de nachtmerje to kearen. Duveldrek lizze se ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.26200
Foar tsjoenen wienen se eartiids yn Jobbegea tige bang. De lju makken in gatsje yn 'e drompel en dêr dienen se duveldrek yn. De bern droegen duveldrek op 't boarst. As de bern bitsjoend wienen gong men nei Murk gûchlem, de duvelbander fan de Knipe. Bitsjoende bern dy't stoaren, bleauwen slop. Ek in tsjoenster wurdt net stiif, as se dea giet.
nl.verhalenbank.21021
Klaes van der Veen wenne yn Mouneein. Syn frou wie siik. By de gewoane húsdokter founen se gjin baet. Doe gongen se foar har nei de duvelbanner ta. Dat wie Piter Poes, dy wenne op Sumarreheide. Piter Poes joech medesinen mei. Hy sei, hja moesten earst in gat ûnder 'e drompel fan 'e doar grave. Dêr moesten de medesinen earst twa wiken yn lizze en dàn pas...
nl.verhalenbank.30044
Hjir wie in bern siik. It bern krige medesinen fan dokter. 't Joech neat. Der sieten oare machten achter neffens de âlden. Der wie ien dy lapte dat; in tsjoenster. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie Wopke fan Kûkherne. Dy sei, se moasten it kjessen fan 't bern iepen snije en dan de krânsen der út helje. Dy moasten opbarnd wurde yn 'e kachel....
nl.verhalenbank.27820
Ien fan sawn susters wie in nachtmerje, seinen se altyd. Sy kaem troch 't kattegatsje yn 'e hûs. Dan rommele se earst yn 'e klompen om. As men fornaem dat se kom, en men koe jin forheffe, dan gong se wer fuort. Om har to wearen lei men in stikje brea of duveldrek ûnder 'e drompel of men sette in krús foar de strjitte. Ek die men wol in lyts pûdtsje mei...
nl.verhalenbank.19503
35