Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: drankje genezen
Soms sieten de bargen ûnder de kweade minsken. Dan wienen se bitsjoend. Men moest goed oppasse hwa't men by de bargen liet. Net elkenien wie dêrby fortroud. Wienen de bargen bitsjoend, dan tarden se út. Dan joech it fretten har neat mear. Men moest in pûde mei duveldrek foar de trôch hingje, dat holp. Meastal wie de tsjoenster fan 'e bargen in man. Soms...
nl.verhalenbank.30088
Tsjoensters hawwe popkes, dêr't se mei spjelden yn prippe. Myn jongste suster wie noch in hiel lyts bern; dy bigong yn 'e nacht om tolve ûre hinne altyd to jammerjen. Dan raesde se moart en brân. Dan krige it bern pine, trochdat de tsjoenster dan yn har popkes ompripke. Doe op in kear nommen heit en mem har út 'e widze en leinen it bern tusken har yn, op...
nl.verhalenbank.28060
Us beppe wenne yn Hantumer Utbuorren. Sy hat froeger bitsjoend west. Hja wie doe noch jong. Hja hie pankoeken iten by in âld-wiif. Hja wie krekt troud mei ús pake Pier Soepboer. Sy woarde siik. Pake gong nei Wopke to Kûkherne. It wetter fan beppe nom er mei. Doe't Wopke dat bisjoen hie, sei er: "Hjir is in drank en nou matte jo gau meitsje dat jo thús...
nl.verhalenbank.23145
Us buorfrou, dat wie Ritske Aeltsje. Sy wenne op 'e Houtigehage. Dêr hie in berntsje bitsjoend west by harren. Doe gongen se nei 't boerke yn Eastemar. It boerke joech in drankje mei foar 't bern. Hy sei, de earste dy't foar de glêzen komme soe, wie de tsjoenster. Mar sy mocht it drankje net sjen. Doe't er thús kom hienen se de glêzen bihong en doe it...
nl.verhalenbank.25600
Rikele Myt wie in greate tsjoenster. Sy helle altyd wetter út 'e put by myn memme suster Trynmoai. Doe rekke it dochterke fan Trynmoai bitsjoend. 't Bern gûlde jouns altyd, dan hie 't stumper pine. Doe gong Japik-om nei de duvelbanner ta. Hy krige guod, dêr moesten de mem en it berntsje elk fan ynnimme. En it bern moest fan 't boarst. Doe frege Japik-om:...
nl.verhalenbank.19497
Myn jongste broerke rekke siik. Hy bigong der al mar minder út to sjen. Syn troanje woarde wilich. Doe gong heit nei greate Wopke fan Kûkherne. En dêr wie 't al sa, it jonkje wie bitsjoend. Wopke joech heit in drankje mei, dêr moest it bern fan ynnimme, sei er. Mar hy warskôge heit, heit moest werom net troch de bosk gean, hwant dan soed er ophâlden wurde...
nl.verhalenbank.16770
Der wienen minsken yn 'e Harkema, dy hienen in bern, dat wie siik. Ut tsjerke wei kom buorman om to harkjen hoe't it mei it bern wie. De frou sei tsjin 'e buorman: "De jonge wurdt neat better. Wy ha al guod fan dokter, mar dat jowt suver neat." De man sei: "Ik mat moarn mar nei de duvelbanner ta yn Kûkherne. Dan mat ik mar in heale dei thúsbliuwe." De...
nl.verhalenbank.16887
Tsjoensters kinne prachtich sjonge. Op in nacht siet ik by Wibe Postma yn 'e apelbeam. Dêr wienen sawn tsjoensters: seis froulju en ien man. Guon dêrfan koe 'k wol. 't Wie in hiel tsjoensterslaech. Wylst ik dêr sa yn dy beam siet hearde ik nei it sjongen. It klonk moai yn 'e nacht. Sy kommen op 'e apelbeam yn, dêr't ik yn siet. Dêr siet in swart skiep...
nl.verhalenbank.27771
9