10 datasets found
Dutch Keywords: dragen Place of Narration: Opende
Duveldrek hienen de minsken hjir froeger ûnder 'e drompel fan 'e doar. De bern hienen duveldrek yn in pûdtsje om 'e hals. Wy makken in krús foar de doar as der in tsjoenster oankaem.
nl.verhalenbank.26339
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him hwer't Hearke wenne. Doe tilde er de ploege op en hy stuts him mei syn iene hân rjochtút en hy wiisde der mei en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.23137
Ien dy't op 't stjerbêd klean oan hat, dy't op snein makke binne, kin net stjerre.
nl.verhalenbank.26302
Ien dy't hwat oan hat op it stjerbêd, dat op snein makke is, sa'n ien kin net op snein stjerre. Dy stjert op moandei.
nl.verhalenbank.23456
Minsken dy't op stjerren lizze, mar net stjerre kinne, ha faek hwat oan dat op in snein naeid is. Men mat dat dan stikken knippe, dan is 't samar dien.
nl.verhalenbank.38020
Sterke Hearke moest us foar ien nei de stêd ta mei in sekfol ryksdaelders op 'e nekke. Doe kom dêr in manselsoan oan. Dy sei: "Jo ha dêr ek in swiere fracht, net?" "Ja", sei Hearke. Dy man, dat wie in rover, dy hie it op dy sek mei jild forsjoen. "Dêr moest ik ek hwat fan ha", sei er. "Kinst de hiele sek wol krije", sei Hearke en hy smiet him de sek mei...
nl.verhalenbank.19498
Myn broer lei op bêd. 't Wie yn 'e nacht. Doe hearde er hwat by de doarren. Doe seach er dragers en in kiste, dy't se yndroegen. Der woarde tsjin him sein syn soan wie dea. Op dat momint lei syn soan op bêd to sliepen. Letter is er stoarn en gebeurden deselde dingen dy't myn broer doe sjoen hat.
nl.verhalenbank.27167
As ien Ingelse sykte hie, moest er in pûdtsje mei in pod der yn op it boarst ha.
nl.verhalenbank.19510
Yn Slappeterp drage se de tsjerke alle jounen nei binnen ta (yn in skuorre of sokssahwat).
nl.verhalenbank.23475
Ons moeke sei: Wat op sondag moakt is deugt niet. Sondagsteek houdt geen week. As der éen op it doodsbed ligt en die kan niet sterven, dan wordt der wel seid: Het se goed aan, dat op sondag moakt is? Dan moest se wat anders aantrekken. Als se dat aankregen had was se somaar dood.
nl.verhalenbank.24405
35