Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: dragen Place of Narration: Boelenslaan
Hy hat ek ûnder tsjinst west yn Den Helder. Dêr hie er in great hekel oan, hy woe graech wer nei hûs ta. By de kaserne lei in anker fan 1400 poun. Dat hat er dêr in ein fan 'e groun tild. Doe't er 't wer delsette wienen de soallen him ûnder 'e skuon wei gong. Hy frege doe of er frij mocht fan 'e tsjinst, dan soe er dat anker om 'e hiele kaserne...
nl.verhalenbank.32238
In tige sterke keardel wie ek Piter Scheper. Dy wenne op Luchtenveld by Houtigehage. Op in kear wied er mei hynder en wein op 'e dyk. 't Wie net sa'n bêste wein mear. Doe hearde er dat de fjilden bigounen to knappen. "Owé," tocht er, "aenst bijowt it spul him." Doe hied er mei beide hannen de bûkberje fan 'e wein optild, sadat de fjilden neat to dragen...
nl.verhalenbank.37769
Sterke Hearke wie ûnder tsjinst to Ljouwert. By de kaserne lei in anker, dat woech tûzen poun. Hearke krige it beet en tilde it op. Doe wienen de naden út 'e skuon barst. Doe hied er sein tsjin 'e kaptein, as se him frij lieten, dan soed er 't anker om 'e kaserne hinne drage.
nl.verhalenbank.27585
It gebeurt wol, dat ien net stjerre kin. Dan hat er hwat oan dat se op snein makke ha. Dan matte se dêr in knip yn dwaen, earder kin er net stjerre.
nl.verhalenbank.37848
Hearke hat yn De Helder ûnder tsjinst west. Dêr lei in hiel great anker fan fjirtsjinhûndert poun. Hy bea de kaptein oan, hy soe it twa kear om 'e kaserne hinne sjouwe, as er dan frij fan 'e tsjinst mocht. Mar dat krige hy net gedaen. Sy woenen 't net lije. Mar hy hat it anker àl optild. Doe't er it die barstten him de soallen ûnder 'e skuon wei.
nl.verhalenbank.28170
Op in kear wie Sterke Hearke yn Kromelle om in kroadfol wyt sân. Hy soe de kroade mei sân skean troch de bou nei hûs ta ride. Mar dat woe net, it fjild krige tofolle kear yn 'e modder. Doe krige er de kroade fol sân ûnder 'e earm en sa is er nei hûs ta roan.
nl.verhalenbank.28168
In slangekoaning draecht in kroantsje op 'e kop. Dogge jo in slangekoaning hwat, dan pipet er en alle slangen komme op jo tasetten. Dan matte jo har gau in bûsdoek tasmite, oars rêdde se mei jo, hwant der komme hûnderten slangen. As jo hoepelslangen pleagje, krije se de sturt yn 'e bek en sa komme se op jo ta.
nl.verhalenbank.25505
Se hienen hjir froeger duveldrek ûnder 'e drompels, dan koe der gjin tsjoenster yn 'e hûs komme. Sy hienen ek duveldrek ûnder 'e trôgen en ûnder 'e amers. En de bern droegen duveldrek op 't boarst.
nl.verhalenbank.25511
Thomas en Clare wennen op 'e Houtigehage. Sy hienen in jonge, dy hiet fan Folkert. Dy jonge wie sa'n fjirtsjin jier âld. Op in joun seagen se dat der in kiste ta 't hûs yndroegen woarde. Doe soenen se yn 'e kiste sjen, mar doe hie dy kiste ek wer fuort west. Koarte tiid dêrnei stoar Folkert. It hie foartjirmerije west.
nl.verhalenbank.27265
Us heit hie us op in joun nei de faem ta west yn 'e Rottefalle. Hy wenne doe by de boer, ik leau hast fan yn Eastemar of sa. Doe't er yn 'e nacht by de faem wei gong en it tsjerkhôf yn 'e Rottefalle foarby soe, seach er dêr yn 'e homeije in beest stean, dat like in protte op in fôlle. Heit wie net bang en tochte: "ik wol better sjen hwat dat is", en hy...
nl.verhalenbank.17729
Om de tsjoenster net yn 'e hûs to krijen, leinen se duveldrek ûnder 'e drompel. Se leinen 't ek ûnder 't kessen fan 't bern en de bern droegen 't ek wol yn in pûdtsje op 't boarst.
nl.verhalenbank.37772
Myn pake Bauke Bijma mat ôfgryslike sterk west ha. Hy gong by de souder op mei ûnder elke earm in sekfol sied, op 'e holle in sekfol sied en dan noch yn elke hân in sekfol sied. Mei fiif sekfollen sied roun hy by de souder op.
nl.verhalenbank.32779
35