Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
66 datasets found
Dutch Keywords: dragen sterven
Oan 'e Boskwei by Eastemar stiet in beam, dêr hat in man him oan ophinge. Dy beam hat sûnt altyd de takken nei ûnderen, omt er treuret.
nl.verhalenbank.25354
Hie ien op syn stjerbêd hwat oan dat men op snein naeid hie dan koe dyselde soms net stjerre. Dan die men der in knipke yn. Dan gong dyselde dea.
nl.verhalenbank.25553
Guon kinne net stjerre as se op 't stjerbêd lizze. Dan mat men har knippen yn 'e klean dwaen, sizze se, hwant miskien ha se hwat oan dat op snein makke woarn is.
nl.verhalenbank.24275
As ien hwat oan hie, dêr't op snein oan naeid wie en hy lei op syn stjerbêd, dan koe der soms net stjerre. Men gong wol hinne en skuor dat wer stikken, dan stoar dyselde fredich.
nl.verhalenbank.12262
Ien dy't op it stjerbêd hwat oan him hie, dat op snein naeid wie, dy koe net ta stjerren komme
nl.verhalenbank.22160
Hat ien dy't op stjerren leit hwat oan, dat op snein naeid is, dan kin er net stjerre. Dan matte se dêr earst in knip yn dwaen.
nl.verhalenbank.28909
Hat ien op it stjerbêd hwat oan, dat men op snein naeid hat, dan wolle de lêste siken der net út.
nl.verhalenbank.29622
Dyselde man wurke yn in ploech yn 'e Mieden. Op in dei wie Anne Gryt (Bylsma) har heit fordronken. Dy wurke yn in oare ploech. De man mei de helm wie de hiele middei ûnrêstich. Sy seinen tsjin him: "Hwat is der, man?" Mar hy woe it net sizze. De jouns nei seizen kaem de hiele ploech de buorren ynrinnen. Fan 'e oare kant kaem èk in ploechje fan it wurk....
nl.verhalenbank.20612
As in minske net stjerre kin en hy leit op syn stjerbêd dan komt dat, sizze se, omdat er dan hwat oan hat dat se op snein makke ha. Dan matte se in knip yn it guod dwaen.
nl.verhalenbank.38276
Greate Egbert fan 'e Harkema hat my ris forteld: "Ik hie bargen yn 't hok. Doe kom Hindrik Pyk (= H. Ophuis) der by. Dat wie in tsjoenster. Dy gong mei de hân oer de bargen hinne. In dei letter wienen de bargen dea. Ik ha se de hounen foarsmiten, mar dy woenen der net fan frette." Syn eigen jonges wienen bang foar him. Hy hie twa soannen: Piter en Willem....
nl.verhalenbank.28501
Ien dy't op 't stjerbêd klean oan hat, dy't op snein makke binne, kin net stjerre.
nl.verhalenbank.26302
As minsken net stjerre kinne, wurdt der neigien of se soms in himd, of hwat oars oan ha, dat op snein makke is. As dat sa is lûke se dat de stjerrende út.
nl.verhalenbank.29596
Ien dy't hwat oan hat op it stjerbêd, dat op snein makke is, sa'n ien kin net op snein stjerre. Dy stjert op moandei.
nl.verhalenbank.23456
Alde Hindrik Skifink hie in forboun mei de duvel sluten. Hy seach in kear dat se in greate swarte kiste by ien ta de doar ynsjouden. Letter is der yn dat hûs ien stoarn. Hy seach wol faker sokke dingen.
nl.verhalenbank.27802
Het in minske op syn stjerbêd hwat oan, dat op snein naeid is, dan kin er net stjerre. Men mat dan in knip yn dat klaeijingstik dwaen.
nl.verhalenbank.19867
Myn wiif wie swier fan in bern. Doe kom de buorfrou by har en sei: "Hark us, ik haw in lykstaesje sjoen, dêr wienen hast gjin froulju by, wòl manlju." Myn wiif hie fuort yn 'e gaten dat dit fan it bern wêze soe, dat se krije soe, mar sy woarde der net oars fan. Sy sei rêstich: "As God it bileavet fan net, dan gebeurt it net." It bern gong dea. De buorfrou...
nl.verhalenbank.22935
It gebeurt wol, dat ien net stjerre kin. Dan hat er hwat oan dat se op snein makke ha. Dan matte se dêr in knip yn dwaen, earder kin er net stjerre.
nl.verhalenbank.37848
In nicht fan my wie faem by Wopke Brouwer. Hy wie in greate, grouwe keardel, dy't hiel hwat iten nei binnen sloech. Om alve ûre krigen se waerm iten. Dan hie er it board oploege fol. Mar om ien ûre (twa ûren letter dus), wie er wèr thús, en dan moest er wèr ite. Myn nicht sei, syn bêd wie krekt in hounenêst, sa stonk it fan dat protte iten. Op 't lêst...
nl.verhalenbank.30129
Hier in Boertange dreumde ik n keer dat er 'n liekkiste uut n huus draogen wur. Oal S., n jeude, lag dr in. Nou kwam dat van dei persoon nait uut; de jeude was nait overleedn, moar t huus klopde wel. Door is nait veul loater ain sturven en wur de kiste et huus uut droagn zoas ik zain har.
nl.verhalenbank.43702
Guon hearden us in kear yn 'e nacht in stomp yn 'e gong by in hoeke. Even letter stoar de man. Doe't se de kiste der ta útdrage soenen, stompte de kiste yn 'e gong tsjin in skerpe hoeke oan. 't Wie deselde stomp, dy't se earder heard hienen.
nl.verhalenbank.24016
35