Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: doodmaken Place of Narration: Harkema
Mike Ruerd hat oan 'e Boskreed wenne. Hy hie altyd mei de duvel to krijen. It wie in rare woeste keardel. Op in kear hied er in foer baelders thús krige. De duvel siet by him op 'e souder. Doe bigong Ruerd mei dy baelders to smiten nei de souder ta. Hy woe de duvel deasmite. Op 't lêst hied er 't hiele foer baelders op 'e souder smiten. Soms moest Ruerd...
nl.verhalenbank.21153
Der wie in widner mei lytse bern. Dy widner hie altiten lêst fan nachtmerjes. Hy krige hast noait in wink yn 'e egen en seach tsjin 'e nachten oan. Doe klage er syn leed by in buorman. Dy wist hast altyd wol ried. Doe't dy him heard hie, sei er: "Hastû ek moal yn 'e hûs?" Ja, dat wie der wol. "Set dat dan op 'e tafel en jow dy dan joun mar rêstich del. Ik...
nl.verhalenbank.15783
Froeger woarde der altyd sein: Traepje noait op in pod, hwant dan komt der swier waer mei tonger.
nl.verhalenbank.34581
Der wie ien, dêr hie'k de pik op yn. Ik woe him wol deameitsje. Hwant ik wie yn myn jonge jierren in earsten fechtersbaes. Op in joun stie ik by de Lauwers op 'e Provinsiale wei dy't rint fan Surhústerfean nei Grinzer Pein. Ik wachte deselde ôf, dy't der oan gelove moest. Ik paste op him. Doe't hy der oan kom, woe 'k nei him ta, mar ik koe net. It wie...
nl.verhalenbank.12487
Wibe Alma siet yn 'e kroech op it Jachtfjild. Doe sei er: "Al hwat my aenst yn 'e mjitte komt, dat meitsje ik dea, al wie 't de duvel ek." Doe't er út 'e herberch kom, kom der in lyts swart hountsje by him. Dat smiet him op 'e harsens yn 'e toarnen. Mear dea as levend is er thúskom. Doe't er thús wie skodde it hiele hûs.
nl.verhalenbank.20958
Trapet men op in pod, dan komt der tonger. As jy in kikkert deameitsje komt der ek tonger.
nl.verhalenbank.32751
35