Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: doodgaan Place of Narration: Harkema
Janne Heabel har mem wie ek in tsjoenster. Op in nacht woarde har man wekker, doe lei der in pânse njonken him op bêd. Hy tocht: Hoe kin dit en hwer mei myn wiif wêze? Hja wie der op út to tsjoenen. Doe ha se har ûntmaskere. Hja hat in bern deatsjoend. Dêr hie hja dy nachts west. De man stuts de pânse mei in mes dwarstroch. 't Wie allegear wetter. Doe't...
nl.verhalenbank.28664
Wibe Alma ^ fan 'e Harkema wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen. As der hwat wie woarde hy der yn 'e nacht útkloppe. Dan mòest er datselde sjen. Hwat er dan seach fortelde er letter. Dan sei er, dy en dy giet èk dea. Dat kom altyd út.
nl.verhalenbank.28602
As men op stjerren leit en men hat klean, dy't op snein makke woarn binne, dan kin men net ta stjerren komme. Dan mat men hinne gean en dy klean stikken knippe of de knopen der ôf snije.
nl.verhalenbank.15622
In frommes dat yn forwachting is, mat net ûnder 'e line trochrinne, hwant dan krijt it bern stringen om 'e hals en kin it smoare.
nl.verhalenbank.26362
It sil sa'n lytse tachtich jier lyn wêze, doe wie heit noch mar krekt troud. Doe moest er op in joun nei in winkeltsje ta yn 'e Smoarhoeke hjir, in smel paedtsje lâns. Doe seach er ynienen in kiste foar him. Hy wie net bang en tocht: ik wol wite hwa't dêr yn leit. Hy bûgde him foaroer om to sjen, doe wie dy kiste samar ynienen fuort. Heit roan fierder,...
nl.verhalenbank.28596
Sije van der Veen ^ fan 'e Harkema hie in wikseldaelder. Hy hie noait forlet fan jild. Hy is letter oan in drankbiroerte stoarn.
nl.verhalenbank.28719
35