Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Duveldrek is fan 'e geastlike kant. Leit der duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin der net in tsjoenster oer komme.
Docht se 't al, dan is 't har dea.
nl.verhalenbank.23793
Der wie in jonkje, dat woarde greatbrocht by ús folk.
Doe kom der us in frommes, dat wie in tsjoenster. Dy woe it jonkje op 'e earm nimme. Mar dat kearden se, dat gebeurde net. Doe hat se in hin bitsjoend. Wy ha dy hin iepenmakke. Hy wie hielendal úttard.
nl.verhalenbank.23789
As tsjoensters in bern bitsjoene wolle en dat kinne se net rêdde, en dy lju ha in dier, dan giet dat dier der oan.
nl.verhalenbank.23788
Foekje wie in tsjoenster. Hja wenne yn Surhústerfean.
Durk Pultrum kocht ris in keal fan har. Hy soe der mei fuort, doe sei se: "Ho, hy mat earst noch hwat drinken ha."
Earst groeide it keal goed, mar al gau liet er it iten stean, en it keal stoar.
Doe hat de slachter it keal slachte en doe siet der in dikke pylsnoek yn.
nl.verhalenbank.23979