Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: dood jongen
Alde Wytse Minne hat har eigen soan deatsjoend. Sy wenne yn 'e Parken. De minsken ha har jouns wol sitten sjoen as in swart protsje op 'e reed.
nl.verhalenbank.25954
By Durke Pyt - dy wenne op 'e Uleflucht to Drachten - kom us in jonge, dy makke in spegel roetswart. Hy frege of der ien wie, dy't graech ien sjen woe dy't dea wie. Pyt sei, sy woe graech har heit noch us sjen. De jonge bigong to mineuveljen en to roppen. Der kom in gedaente foar. 't Wie Pyt har heit, sprekend gelyk sa't hy dêr 't lêst útsjoen hie mei...
nl.verhalenbank.22873
Aeltsje wenne oan 't farwetter, mar sy gong altyd nei in âld dobbe ta om wetter, wit hoe fier fuort. Hja bitsjoende in jonkje, dat tichteby har wenne. Doe't se it bern dea hie wie 't krekt sa slop as in flarde.
nl.verhalenbank.21077
Ik hie in jonkje, in lytse Gerrit, dy wie troch Alle Tet bitsjoend. It bern wie doe fiif jier âld. Wy wennen yn dy tiid op 'e Bulten, by Tet yn 'e buert. Elke dei kom se by ús. Dan nom se it bern út it bedtsje en dan sei se: "Hwat bistû in leaf jonkje." Sy sloech net in dei oer of sy kom. Dan roan se der samar yn. Sa dryst wie se, en dan it bern mar op 'e...
nl.verhalenbank.23429
Hwat ik nou fortel is al lang lyn. Myn suster hie in jonkje, en dat wie net goed. Har buorfrou wie in âld minske, dat hiet fan Gjertsje. Dy kom noait fierder as de drompel, en dan frege se nei 't jonkje. Sy kom noait yn 'e hûs. Op in kear, doe hie se der ek wer west. Sy wie noch mar krekt fuort of doe kom der in fremde kat by myn suster en dy yn 'e hûs....
nl.verhalenbank.21572
Oene Kempenaar fan Sweagerbosk koe tsjoene. Syn pakesizzer wenne yn Ljouwert. Dy hie in pear jonges. De iene jonge wie faek siik. Soms wie 't even wer goed, mar even letter wie 't wer mis. As pake der wie wie 't op 't allerslimst; dan wied er hast dea, sa raer like it dan. De mem krijt hwat yn 'e gaten. Sy giet nei de apteek ta en hellet duveldrek. Dat...
nl.verhalenbank.24583
Ien fan dy beide froulju hat âlde Ritske Ale syn jonge yndertiid bitsjoend. Doe kaem Ale by ús mem om ried. Mem sei: "De pisse fan 't jonkje matte jimme heine en dat op 't fjûr sette mei spjelden der yn. En dan alles goed ticht meitsje en de doarren fêst. Dat dienen se dy jouns. Mar doe kaem datselde frommes dy't it bern bitsjoend hie, by de doar. Mar sy...
nl.verhalenbank.17661
Us heit en dy syn âlden wennen yn 'e Haulerwyk. Nou heart dat by Waskemeer. Doe't ús heit in jonkje wie, hat er bitsjoend west. Beppe hie in buorwiif yn 'e rekken, hwant dy gong der foar, dat se wol omgong hie mei de kweade. In tsjoenster mat ienkear yn 'e sawn jier ien deatsjoene foar satan. Mar beppe woe earst wissichheit ha foardat se it buorwiif...
nl.verhalenbank.21053
Myn broer Gosse wie fjirdel jier âld ( = 3_ jaar), doe koed er noch noait rinne. Alde Pôpe biltsje dy wie altyd by ús. Hy wie keppelbaes en mollefanger ensa, mar hy paste ek faek op ús Gosse. Sy seinen altyd, hy wie in tsjoenster, mar dêr hienen wy ús noait folle oan steurd. Mar doe woarde Pôpe siik. Dat gebeurde wylst er by Hindrik Tammes yn 't bargehok...
nl.verhalenbank.25649
9