Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: dood voorbode
Op 'e Leijen wie ien oan 't riden. Doe hearde hy in lûd út in wek wei kommen. "De tijd is verschenen, de man is er niet." woarde der sein. Even letter kom der ien oan riden op redens. Dy ried lyk op it wek ta en is fordronken.
nl.verhalenbank.20073
De Popke-poel yn 'e Boelensloane is tige djip. Sy ha dêr froeger de klyn út helle. By 't winter hurdrieden wy dêr wol op. Sy ha der us in stem heard. De tijd is er en de man is er niet. Der moest ien forsûpe. Even leter forsûpte dêr ien.
nl.verhalenbank.24230
Der stienen us guon by de âlde feart (= de Feanster feart, dy't fan Surhústerfean nei 't prinses Margriet-kan. giet), flak by de Harkema. Doe hearden se in stem. Dy kom út it wetter: "De tiid is der wòl, de man is der net." Fuort dêrnei kom der in man oanriden op 't hynder. Dy ried pardoes yn 'e feart en is fordronken.
nl.verhalenbank.22237
Skoanheit lei mei kanker op bêd. Hy wie o sa siik. It roan om 't lêste. Doe kloppe der ien bûten op 't glês. Dy sei: "De dood." Doe't se nei bûten gongen om to sjen, wie der net ien. Even letter wie skoanheit wei.
nl.verhalenbank.19885
Wy wienen matteflechters. As fanke moest ik in kear in matte flechtsje foar hiel âlde minsken yn Feanwâldsterwâl. Doe fortelde dat âlde minske my it folgjende: Ik wie in jongfaem, de âldste fan fiif bern. Heit en mem en de fjouwer oare bern dy gongen op in snein mei in boatsje nei de Falom. Achter Feanwâlden yn 'e Blauwe klyndobbe binne se alle seis...
nl.verhalenbank.21911
Yn Eastemar wenne in beurtskipper. Dy moest freeds altyd nei Ljouwert ta. Dan farde hy oer de Burgumer mar. Doe fortelde hy us in kear yn 'e skearwinkel to Eastemar, dat hy hie, doe't er midden op 'e Mar wie, in stim heard, dy kom út it wetter wei: "De plaats is er, maar de man is er niet." De skearbaes sei, dat woed er èk wol us hearre. De freeds dêr op...
nl.verhalenbank.22757
5