Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 results
Dutch Keywords: dood Place of Narration: Eastermar
Dikke Anders fan 'e Rotfalle hie in buchel. Hy hie himsels by 't leven forkocht. Doe't er stoar kommen de hantlangers fan 'e kweade om him op to heljen. Syn wiif Marij bitellen se it bidrach en sy seinen: "Segen mei 't jild." "Segen mei Anders", sei Marij.
nl.verhalenbank.32812
Hanne Foekes wie ien fan 'e bêste fiskers út 'e omkriten. Mar sy seinen dat er in forboun mei de duvel hie. Dêr kom it fan dat er altyd safolle fangde. Hy is op 'e Leijen dearekke. De holle stie him achterstofoar op 'e romp. Dat soe neffens it sizzen, de duvel him lapt ha.
nl.verhalenbank.21868
Foar it Jan Koartslân wienen se ek altyd hwat skruten. Dêr hat in man him ophinge en sy sizze ek wol dat de duvel him dêr de holle omdraeid hat.
nl.verhalenbank.32809
Ik haw in man kend, dy siet ris in kear yn 'e kroech, doe sei er: "Ik bin foar net in duvel bang." Mar 't is net likefolle hwat in minske seit. Underweis by Quatrebras pakt him in auto. Hy wie fuort dea.
nl.verhalenbank.35929
As der in frijmitselder dea giet, is er oan 'e duvel oerlevere. It gebeurde us dat der twa spantsjes op 'e bolderwein nei Ljouwerter merke west hienen. Underweis nei hûs ta stutsen se hast rounom oan; dêr't mar drank tape woarde. De froulju krigen dêr har nocht fan, dat doe't se op Hústerheide nòch us stilhâldden, bleauwen de froulju yn 'e wein sitten....
nl.verhalenbank.20409
Us heit hat boerefeint west by Piter Ates Oosterhof op it Wytfean. Op in kear, doe hienen se dêr in deade koe. Doe warskôgen se Edzer Landbouwer, dy wenne op Skûlenburch yn 't húske dêr't letter Anders en Hil wenne ha. Edzer wie in kringeslachter. Edzer dy kom by Piter Ates en nom dy koe mei op 'e wein. Heit wie der ek by. 't Wie yn 'e nacht. Sy rieden...
nl.verhalenbank.29317
Trije jonge bazen woenen us in grap útheve mei Hinse Jehannes. Hja nommen wetter mei fan fé. Dêr dienen se wetter fan harsels troch en sa brochten se de flesse by Hinse. Hinse biseach it wetter en frege doe, of hja ek wisten hwa syn wetter der lêst yn kom wie, hwant dy leefde net lang mear.
nl.verhalenbank.21797
It wie yn 'e tiid fan 'e longsykte ûnder 't fé. Der wie in boer, dy hie ek in sike koe. Dy moest ôfmakke wurde. Der stienen twa plysjes by en twa féartsen. Doe woarde Hinse der by helle. Dy sei: dy koe hat gjin longsykte. Hy hat in stik lear yn 'e hals. Doe strûpte er de mouwe op en gong mei de earm ta de bek fan 'e koe yn. Hy helle der in âld skuonsoale út.
nl.verhalenbank.21796
In tsjoenster tsjoende by de bern in krâns yn 't kessen. As dy krâns klear wie, dan wie 't bern ek dea. As de lju in krâns yn 't kessen founen, reizgen se nei Wopke ta, dat wie de dûvelbander fan Kûkherne. Dy joech de lju dan guod mei. De krâns moest opbrând wurde.
nl.verhalenbank.29315
De moedige dienstmeid van Oostermeer. Het dorp Oostermeer in Tietjerksteradeel heeft evenals honderden andere dorpen een kerk en toren. Maar deze staat niet midden in het dorp, iets wat anders volgens een friesch spreekwoord een noodzakelijk vereischte is. Te Oostermeer staan kerk en toren op eenigen afstand buiten het dorp, geheel alleen tusschen het...
nl.verhalenbank.57762
De famylje Wesbonk wenne to Ljouwert oan 'e Spanjaardsloane. Myn suster hat dêr faem west. Dêr kaem ek altyd in werkster, dat wie in troude frou. Op in kear fortelde dy werkster, dat har bern siik wie. Dat woe mar net betterje. It kwynde. Doe wie se nei in duvelbanster tagong. Dat wie Smoarge Jantsje, dy wenne to Ljouwert. Dy sei, it bern wie bitsjoend....
nl.verhalenbank.31906
Der wie froeger in feint, dat wie in sekere Ruerd, dy farde by Aen fan Huzen (fan Eastemar) op it skip. Se leinen mei 't skip by 't Huzumer fabryk. Doe hearden wy dat der in bern fan Aen van Huzen net goed wie. It tsjirme. Ruerd de feint waerd biskôge as de tsjoenster. Sy tochten dat hy it bern siik makke hie. Der leinen doe mear skippen en 't wienen dêr...
nl.verhalenbank.36695
14