Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
29 results
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: dood Place of Narration: Harkema
Der wennen frijmetselers yn Stadskanael en omkriten. Dêr wienen dikke boeren ûnder. Frijmetselers matte om 'e sawn jier ien dea dwaen. Der wurdt om lotte hwa't dat dwaen mat. Gebeurt dat net dan mat dyselde sels stjerre. Sy ha in forboun mei de kweade. Fan jild ha se noait forlet. Dat is skoan to sjen, hwant it binne allegear rike lju. Dy't ienkear...
nl.verhalenbank.22207
Douwe Bylsma to Harkema hie in buchel. Hy hat him by syn leven oan 'e duvel forkocht. Dan koenen de dokters letter mei de buchel dwaen krekt hwat se woenen. Hy hie in winkeltsje. Soms gong er op 'e toanbank lizzen op 'e buchel. Dan draeide er as in top yn 'e rounte op dat bucheltsje.
nl.verhalenbank.33093
Yn 'e Harkema hat in timmerman wenne, dy hiet fan Ruerd v.d. Veen. Dy sei: "Ik bin fan 'e duvel net bang." Doe ha se him sa bot smiten, dat hy is der oan stoarn.
nl.verhalenbank.25734
Bouke Schievink ha se de nekke omdraeid. De kop siet him achterstofoar op 'e romp. It wie in forkearden. Hy flokte, it wie in griis. De duvel hat him de nekke omdraeid.
nl.verhalenbank.15896
Der wie in man stoarn op it Fean. Syn wiif sei: "Nou is er foar de duvel." Hwant dy man hie in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.12497
Myn famylje wie froeger skipper. Flippusom hat fearn mei twa bruorren. Flippus Pot neamden se him. Hy sil wol potskipper west ha. Op in kear farden se fan Grins nei Stroobos. Ien fan 'e bruorren stie by 't roer, de oare luts it skip troch 't djip. Flippus-om hie net goed west en lei yn 'e koai. Flippus-om siet altyd to krimmenearjen, hy hie op syn manier...
nl.verhalenbank.26273
Wibe Alma siet yn 'e kroech op it Jachtfjild. Doe sei er: "Al hwat my aenst yn 'e mjitte komt, dat meitsje ik dea, al wie 't de duvel ek." Doe't er út 'e herberch kom, kom der in lyts swart hountsje by him. Dat smiet him op 'e harsens yn 'e toarnen. Mear dea as levend is er thúskom. Doe't er thús wie skodde it hiele hûs.
nl.verhalenbank.20958
Yn 'e Hamsterheide wenne us in man, dy wie sterk oan 'e drank. Hy spotte altyd mei de duvel. Doe woarde er op in kear samar oer de boskjes hinne smiten, dêr't er foar dea lizzen bleau. It wiif hat him de oare moarns op in karre nei hûs ta brocht. Hy hat gâns in skoft siik west.
nl.verhalenbank.21249
Neist sa'n hûndert jier wie ús mem har âldste suster, dy't yn 'e Harkema wenne, slim siik. Hja wie tolve jier âld en koe net wer better. De heit (Aise van der Heide, in tige froom en leauwend man) gong skean de paden del nei de duvelbander fan de Ham, hwant sy wienen har rie to 'n ein. Hy krige in drankje mei en sette dêrmei op hûs ta. Mar ûnderweis...
nl.verhalenbank.21328
Der binne minsken, dy kinne net troch in kûgel rekke wurde. Sokke minsken binne kûgelfrij. Hitler wie ek kûgelfrij. As jo mei de helm geboaren binne en jo hâlde dy, dan binne jo èk kûgelfrij en, dan ha jo ek altyd sinten. Mar nachts matte jo der faek ôf. Dan wurde jo der ôfkloppe. Frijmetselaren binne ek kûgelfrij. Dy ha in forboun mei de duvel. Om de...
nl.verhalenbank.28784
Myn broer Gaetse fangde altyd fûgeltsjes, en dy makke der dan dea. Op in kear sei mem tsjin him: Jonge, jonge, dû krigest der nochris fan. De duvel draeit dy nochris de nekke om. It gebeurde op in ljochtmoanne-joun dat Gaetse der op út gong. Mar even letter kom er werom, deabinaud. Hwat is der nou oan, jonge? frege ús mem. Der stie in gedaente achter de...
nl.verhalenbank.15881
Om 'e sawn jier moat der ien fan 'e frijmitselders dea. Dêr wurdt om lotte. Hja stjerre ûnforwacht. Frijmitselders ha in wikseldaelder. Hja ha gjin forlet fan jild. Hja krije in troffel mei yn 'e kiste. De frijmitselders hingje in lears op mei de soale der út. De duvel smyt dêr jild yn. Hoe krije se in wikseldaelder? Mei in kat op 'e earm geane se nei de...
nl.verhalenbank.17529
In tsjoenster mat ien kear yn 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se sels dea. Om in tsjoenster net yn 'e hûs to krijen dienen se duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.28806
Earde Weening hat in pear bern forlern, dy wienen bitsjoend troch âlde Vogeltsje. Greate Wopke hat dat útmakke, mar hy koe de bern net mear helpe.
nl.verhalenbank.20134
Der wenne in timmerman yn 'e Hamsterheide, dat wie Ruerd van der Veen. Mike Ruerd seinen se altyd. Der wie gjin raerder yn 'e hiele Hamsterheide. Hy leaude oan gjin duvel noch syn moer en hy flokte om 't oare wurd. Hy biwearde, hy woe neat leaver of de duvel us sjen, en dan leafst yn 'e gedaente fan in moai frommes. Dan hie hy der èk noch hwat oan. Op in...
nl.verhalenbank.16906
In âld-minske yn 'e Harkema hie in bern bitsjoend. De heit gong doe nei lytse Minse, de duvelbander fan de Ham. Dy joech him guod mei yn in fleske. "Mar," sei er, "pas der goed op ûnderweis, hwant der binne guon, dy aze der op." Hy roan dwars oer, oer de skeanpaden werom nei Harkema. Doe kommen alle kij achter him oansetten. Op 'e hinnereis hied er dêr...
nl.verhalenbank.21327
Greate Egbert fan 'e Harkema hat my ris forteld: "Ik hie bargen yn 't hok. Doe kom Hindrik Pyk (= H. Ophuis) der by. Dat wie in tsjoenster. Dy gong mei de hân oer de bargen hinne. In dei letter wienen de bargen dea. Ik ha se de hounen foarsmiten, mar dy woenen der net fan frette." Syn eigen jonges wienen bang foar him. Hy hie twa soannen: Piter en Willem....
nl.verhalenbank.28501
Yn 'e Rottefalle is 't ris gebeurd dat in stik of hwat manlju yn 'e herberch it heilich avondmael fierden. Se dienen dat spottenderwize, mei wyn en bôlle derby. Dêr wie ek in broer by fan Foppe Gees; dat wie in sekere Van Dyk, in hiel ûngelovich en ûnforskillich man. Wylst se drok oan 'e gong wienen foel dêr samar ynienen ien fan dy mannen dea del. Dat...
nl.verhalenbank.31546
Ien dy't in wikseldaelder ha wol, dy mat in swarte kat yn 'e sek dwaen. Dêr mat er trije kear mei om 't tsjerkhôf hinne rinne tusken tolve en ien ûre yn 'e nacht en dan mat er oan ien tried wei achter elkoar roppe: "Ik haw in swarte kat yn 'e sek!" De trêdde kear mat jy der net om hinne rinne. Dogge jo dat, dan is dat jou dea. Dêrom doart noait ien dat to...
nl.verhalenbank.28718
In keppeltsje jongfolk fierde it heilich avondmael op 'e Tille yn 'e herberch oan 't Knjillisdjip. It gong der bot op in flokken en spotten. Mar ien fan dyselden is dy nachts yn 't baggergat tolânne kom en de oare moarns founen se him. Hy hong dea yn 'e beam.
nl.verhalenbank.21302
31