Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Drachtster Kompenije wenne Klaas Schuurman. Dy wie troud. Hy seach op in nacht himsels dea yn 'e kiste lizzen. Doe liet er him forsekerje foar tsientûzen goune. Dêr moest wyks in ryksdaelder foar bitelle wurde. Doe't er de polis goed en wol hie, doe stoar er. Doe koe syn wiif útkearing krije en har letter rêdde. Hja is doe troud mei syn broer Harm.
nl.verhalenbank.24163
Der wenne yn 'e Houtigehage in faem, dy har broer wie ûnder tsjinst maresjaussee woarn. Sy hie forkearing mei in feint, dy woe ek maresjaussee wurde. Mar dan moest er in hiel skoft ûnder tsjinst bliuwe. Dy faem tocht: dan reitsje ik him kwyt, en doe hat se harsels mei 't gewear deasketten.
Dat haw ik fan tofoaren sjoen. Ik warskôge se fan tofoaren.
nl.verhalenbank.24121