Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: dood Place of Narration: Garyp
Yn Tsjummearum leit earne yn in boerepleats in skedel op 'e souder. Dy koe dêr noait wer wei. Hy hie dêr in fêst plak. Dy skedel mòest der bliuwe, oars gebeurden der rare dingen yn dy pleats. Dan gongen de doarren yn 'e nacht fansels iepen, en sa mear.
nl.verhalenbank.31498
Evert Kobus wenne yn Nyegea. Hy hat him ophong neidat der him in minske yn 'e mjitte kaem, dy't al lang dea wie.
nl.verhalenbank.32120
Hjir yn Garyp wenne froeger in widdou. Dat minske wie der deis altyd op út to arbeidzjen om in deihier to fortsjinjen. Har famkes moesten dan it wurk thús dwaen. Mar dêr kom noait hwat fan. It spul wie noait in kear fan kant as de widdou thús kom. Doe biskrobbe se de famkes. Mar doe seinen dy: "Hjir komme alle dagen twa famkes by ús. Dy binne neaken en sy...
nl.verhalenbank.20250
Ik haw in boer kend, dy wie troud. Mar syn frou stoar. Hy hie har foar har dea biloofd, hy soe net wer trouwe. Mar hy krige wer in frou. Mar as hy der mei syn twadde frou op út soe mei de tilbry en sy spanden it hynder yn, dan stie de earste frou al ré by de takkebult. Dy woe èk mei. Sy koe de rêst net krije omt hy him net oan syn bilofte hâlden hie.
nl.verhalenbank.22779
Der wenne in boer yn Sumar, dy joech syn arbeiders fierstomin lean. Dêr wie ien arbeidershúshâlding by, dy liet er sahwat forrekke. De berntsjes hienen suver gjin klean oan. De iene nei de oare is fan 'e honger en fan 'e ellinde stoarn. Doe't se allegear dea wienen, hearden dy boer en boerinne alle nachten bernelûden yn 'e skuorre. Dat wie by 't twade...
nl.verhalenbank.31622
Us heit fortelde, der hie op 'e Tike in minske wenne, dy hie by har libben bigeard, as se ienkear dea wie, dan woe se mei in wyt-mûtse op yn 'e kiste lizze. Har folk hie har dat biloofd, mar der letter noait wer om tocht. Hja woarde sûnder wyt-mûtse op biïerdige. Mar in dei of hwat letter, doe't de lju al op bêd leinen, woarde der by harren kloppe. Doe't...
nl.verhalenbank.21093
Us heit wie in soan fan Teade Hietkamp en Liuwkje de Jong. Se wennen op 'e Tike. 't Wienen arbeidersminsken en sy hienen it och sa krap. Beppe gong wol to kreamheinen om der hwat by to fortsjinjen. Us Anne-om en heit, dat wienen de beide âldsten. Dan wienen der ek noch in Jehannes, in Feike en in Goaitsen en letter kom dêr noch in fanke by, dat wie...
nl.verhalenbank.21088
7