Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
188 datasets found
Dutch Keywords: dood Place of Narration: Drachten
Us heit hie in broer, dat wie Willem Meijer. Willem stokje neamden se him altyd. Dy forlear syn earste frou. Hja hienen in dochter, dat wie Geeske. Doe't hja forstoar sei se, Geeske, har âldste dochter, moest al har klean ha. Mar dat gebeurde net. Letter kom dy earste frou alle jounen yn 'e keamer. Doe ha se de doomny der by helle. Dy hat in gebet dien en...
nl.verhalenbank.26043
Douwe Stavasius wie mei de helm geboaren. Hy wenne yn Grinzer Pein. Dêr wenne ek in jonge, dy krige in ûngelok mei de kipkarre. Doe woarde er op 'e leider nei de wei ta brocht. Douwe sei: "Dat kinne se wol dwaen, mar 't jowt neat. De jonge komt dea werom." En 't wie ek sa. Hy is ûnderweis stoarn. Douwe hie syn bigraffenis al sjoen.
nl.verhalenbank.26056
Yn 'e Feanster Omloop wenne froeger Japik Kikkert (= van der Bij). Der lei in greate gracht achter syn hûs. Dêr wienen us twa bern willemoeds yn fordronken troch de minsken dy't doe yn dat hûs wennen. Sûnt dy tiid roannen dy bern nachts altyd om 'e dobbe hinne. De skuorredoarren, as dienen se dy jouns nòch sa fêst, dy stienen de oare moarns altyd iepen.
nl.verhalenbank.26042
Boardzer Bruining fan Boelensloane fortelde my ris: "Ik kom us in kear thús, doe hie 'k nei de faem ta west. 't Wie moai ljocht-moanne-waer. Mem hie 't glês sa'n eintsje yn 'e hichte. Myn ierpeltsjes stienen waerm op 'e kachel. Doe't ik yn 'e hûs kom, stienen der in pear stuollen yn 'e hoeke, mei in lekken der op. Ik gong sitten. Doe't ik it iten op hie,...
nl.verhalenbank.25211
Myn heit siet op in snein foar 't glês. Hy seach nei bûten. "Fanke," sei er tsjin mem, "hwat in eksters, en hwat skatterje dy!" Mem waerd deabinaud doe't er dat sei. Trije wiken letter rekke myn heit dea.
nl.verhalenbank.24669
Yn Twizelerheide wenne in sekere Femme. Dy ried mei de hounekarre. Hy soe op in kear de hounen in stik brea jaen. Dat brea wie skimmelich. Hy krige in wountsje oan 'e hân en doe woarde dat bloedforgifting. Doe is er dêr oan stoarn. Nei dy tiid is Femme noch faek sjoen woarn, hyltyd mei twa famkes. Dan kom er achter út 'e tún wei mei de beide famkes by de...
nl.verhalenbank.33315
Us mem har heit wenne yn Surhústerfean. Doe't dy slim siik rekke gongen mem en heit dêr togearre hinne. Heit kaem de jouns njoggen ûre werom. Mem wie yn Surhústerfean bleaun. De oare moarns bitiid seinen wy: "Hoe soe 't mei pake wêze?" "Dy is fannacht healwei tolven stoarn", sei heit. "Ik bin fannacht healweitolven wekker woarn. Doe waerd der tsjin my...
nl.verhalenbank.23489
In sekere Jager (Rustoord, Drachten (B99)) fortelt, by 't Sudertsjerkhôf to Drachten wenne froeger in âld man, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach fan tofoaren lykstaesjes.
nl.verhalenbank.25496
35