Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: dood angst Place of Narration: Drachten
Heit sei tsjin ús, wy moesten noait midden op 'e wei rinne fanwege de lykstaesjes, dy't wol us passeare koenen. Ik ha my dêr hast altyd oan hâlden.
nl.verhalenbank.19861
Hoe't men in wikseldaelder krijt: As men in wikseldaelder ha wol, mat men durf ha. En men mat nergens oan leauwe. Men mat in swarte kat oantuge. Dy kat mat men op 'e rêch yn in sekje drage. It mat roettsjuster wêze, gjin ljochtmoanne. Dan mat men 't hiele tsjerkhôf trije kear yn 't roun rinne. Elke kear as men it yn 't roun roan hat, mat men op syn minst...
nl.verhalenbank.19380
As ien min bihandele wurdt troch in oaren ien en hy komt to forstjerren dan moat dy oare de forstoarne wer sjen. Nou krekt fiif en fyftich jier lyn wenne der yn Surhuzum in boerke. Hy wenne njonken in smidterij, in eintsje achterút. Hy wenne by syn mem yn. Dat minske wie widdou. 't Wie âlde Piere Mat en sy hie o sa min mei har man kind. Yn Surhuzum seinen...
nl.verhalenbank.19970
Der wie in boerinne, dy har man wie stoarn. Hy wie dy deis op 't hôf kom en hja woe graech selskip ha dy nachts, hwant hja fielde har net feilich allinne. Dêrom frege se de feint of dy dêr dy nachts bliuwe woe. Mar de feint woe net. Hy woe fuort, al hoe't de frou ek oandrong. Doe't se in skoftsje allinne sitten hie, kamen der twa man by de doar. Dy fregen...
nl.verhalenbank.19969
By 't Krúswetter to Warten lei froeger altyd in fisker mei syn aek. Dy hie dêr nachts in tichtset. Hy wenne dêr mei syn dochter yn 'e aek. Yn 'e nacht kaem dêr in doomny lâns. Dy gong oer 't wetter hinne. Sy leinen krekt mei de aek op it plak dêr't dy doomny oer 't wetter stapte. Op in kear wie de dochter allinne thús. Doe seach se ien stean oan 'e oare...
nl.verhalenbank.24555
It is ris in kear gebeurd dat der op 'e Trije Roede yn Feanster heide in man stoar. It wie doe noch buorreplicht en Germ Smous moest dy man biklaeije. Dy man wenne yn in spitkeet mei muorren fan heideplaggen. Germ wie noait net in helt en doe't er mei dy man to set soe en him de holle omheech die, joech dy man lûd. Germ woarde sa binaud, dat hy is dwars...
nl.verhalenbank.27920
Op in joun wie der by de Saiter in persoan, dy woe oerset wurde. 't Wie mistich waer. Oan 'e oare kant lei in aekje. It fanke seach deselde dy't oerset wurde woe en hja gong der mei 't roeiboatsje op ôf. Mar doe waerd se sa kjel, hwant dyselde persoan dy sweefde. 't Wie de Lange Sleatterman. Hja is 't fan kjellens bistoarn.
nl.verhalenbank.29639
Yn Lukaswoude (Gr.) siet yn it café in feint, dat wie in greaten spotter. Hy wie dêr oer iis op redens kom. Hy flokte en swetste mar en sei: "Ik bin foar gjin duvel bang. As ik aenst nei hûs gean, dan hoopje ik, dat er om my komt." Even letter gong er út 'e herberch. 't Wie helder ljochtmoanne-waer. Hy boun de redens ûnder. Hy moest oer in kanaeltsje. Dêr...
nl.verhalenbank.19850
Yn Westersân woarde in bern geboaren, dat fleach by de geboarte troch de keamer hinne. It bern koe fuort prate. Mar it bleau net langer as in ûre yn leven. It fleach by de gerdinen omheech en sei: "Als moeder eens wist hoe het met het sterven is." Doe foel it nei ûnderen en it wie dea. Beppe tsjinne dêr in pear huzen ôf. Dy woarde sa binaud, dat sy hat de...
nl.verhalenbank.19851
35