Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As de hounen bigounen to spûkgûlen, dan soe 't net lang mear duorje as der kom in deaden yn 'e buert.
nl.verhalenbank.38661
Greate Tiense fan 'e Boelensloane wie mei de helm geboaren. Dy seach lykstaesjes fan to foaren. Dan koed er sizze: dy en dy rekket ek wei, ik ha de bigraffenis sjoen.
Sa fortelde er ek fan ien dy't mei forlof thús wie fan 'e tsjinst: ik haw syn bigraffenis sjoen fannacht. It wie in kammeraet fan Tiense. De soldaet wie siik thúskom. In pear dagen letter is...
Ek is der in dobbe yn 'e Boelensloane. Dêr soe in famke yn fordrinke. Dat hienen se ek fan tofoaren sjoen. Dat is ek neikom.
nl.verhalenbank.37916
Doe't ús heit stoar binne der oare minsken yn ús hûs kaem to wenjen. Mar dy binne der wer út gong, hwant it gong dêr nachts altyd op in klopjen. Dat wie fan 't skuonmeitsjen fan ús heit. Dat hearden dy lju alle nachten.
Yn 't Barrahûs gebeurde it faek, dat minsken dêr ûnderdak krigen foar de nacht.
Op in joun kom dêr ek in frommes yn. It wie in fremd frommes, dat se net koenen.
Ien fan 'e mannen, dy't dêr ek sieten, wie in soldaet. Dy soe dêr dy nachts ek sliepe.
Doe't er in pear kear nei dat frommes sjoen hie, tocht er by himsels: bistû eins wol in frommes?
Hy gong...
Der wie ek in sekere Tabe Bergsma by ús oan 't wurk.
Dy fortelde fuort dêr achteroan, dat der wie ris in bern fan him overleden en hy hie dagen fan tofoaren al syn kistje op 'e stoel stean sjoen en alle bysûnderheden fan 'e bigraffenis. Doe hie 't bern noch neat skeeld. 't Wie krekt sa neikaem.
nl.verhalenbank.37015
Us mem seach ris in kear in bigraffenis fan tofoaren.
Njonken ús wenne in âld man, Klaas Mulder. Mem seach de lykstaesje op in âld reed. Dêr kaem oars noait hwat lâns. Sa'n fjirtsjin dagen letter stoar ús âld buorman en waerd er lâns dy âld reed nei 't tsjerkhôf ta brocht.
nl.verhalenbank.36951
Guon strutsen in keal oer de rêch, dan gong it samar dea.
Heit sei altyd: noait in keal oer de rêch strike.
Beppe sei altyd: Hwat gebeure mat, sil gebeure. Dat kinne minsken net keare.
Hja wenne tichte by minsken, dy hienen in lyts bern. Der wie in feart by it hiem en der wie sein woarn yn it wetter fan dy feart soe nochris ien dea reitsje. Dêrom hienen dy lju it bern altyd oan 't tou, dan koe it net by 't wetter komme.
Op in kear doe hie der in houn - in rûge...
Ik hie in suster, dy wie der sa min oan ta dat hja koe 't net forneare dat se de bêdsdoarkes iepen dienen. Dan bigoun se to skriemen.
Der wenne tichteby in âld-minske. Dat wie in tsjoenster.
Dy hie 't bern yn 'e macht.
Doe krigen wy in ried fan ien: "Liz mar ris in deade kikkert del op 'e skoarstienmantel. Dan kin de tsjoenster gjin fet mear op har...
Spûkgûlde der in houn, dan bitsjutte dat dat der mei gauwens wer ien stjerre soe. Ek as de ûle rôp.
As in houn spûkgûlde seinen se, gong der binnen fjouwer dagen ien dea yn net to fiere omtrek.
nl.verhalenbank.36651
As der ien dea giet, mat it fûgeltsje yn 'e kouwe forhong wurde, oars giet it dea of it sjongt net wer fan fortriet.
As der ien stoarn is matte syn skuon op in oar plak set wurde, oars forbroeije se.
As jo op jou stjerbêd in ding oan ha, dêr't op snein oan naeid is, dan kinne jo net stjerre. Beppe hat it meimakke mei in berntsje dat wie noch mar sawn maenden âld. It wie hiel bot siik. Mar it koe noait stjerre. "Hat er ek hwat oan dat op snein naeid is?" sei doe de buorfrou.
"Ja," sei beppe, "dat himdsje."
Doe ha se him dat himdsje útdien en doe...
As jo oer fisken drome giet er ien dea, wie froeger altyd de hiting. As jo oer luzen drome ek. 't Is ien fan jins neiste famylje of jo binne it sels.
As hounen spûkgûle, dan komt der in lykstaesje lâns. In houn kin foarútsjen. Sa'n dier sjocht dan de lykstaesje al.
Yn Houtigehage spûkgûlde in houn mei de kop nei in hûs ta, dêr't in frou yn forwachting wie. Der woarde in skoftsje letter in dea popke geboaren. Dat kom dêr doe lâns mei de dragers.
Der hat in boerefeint op 'e Suderdwarsfeart wenne, dy wie ek mei de helm geboaren. Dy tsjinne to Drachten by in boer op it Súd. Tichteby wenne in arbeidersfrou, dat minske wie yn forwachting. Mar hja wie sa soun dat, hja die al har wurk oan it lêste ta.
It fremde wie, as de feint tafallich by har wie of mei har praette, wie er och sa stil en seach mar...
Marten Skeet wenne yn Aldegea, yn 't lêste hûs.
Syn frou hiet Doekel, dy koe mear as in oar, seinen se. Dy seach allerhande dingen dy't in oar net seach. Hja wie mei de helm geboaren en moest dan de lykstaesjes fan tofoaren sjen.
Op in kear wie der in keardel yn Aldegea tige siik. Dat wie Jan Sjirks. Hy hie longontsteking en it like o sa slim.
Der stie op...
Der wie in séman, dy hie in papegaei.
Dy séman hie ek in wiif, mar hy mocht syn wiif net lije.
De papegaei hied er oan board yn syn hut yn in kouwe.
Jouns dan wienen se faek by elkoar. Dy papegaei, sa as papegaeijen dogge nom de wurden fan 'e séman oer.
Dan sei dy man yn himsels: "Dat duvelse wiif mat dea, godfordomme."
It duorre net lang of de papegaei...
Der wie ris in skuonmakker, dy siet op in kear mei syn maten yn in café. Doe woarde der sa oer praet hwa't al en hwa't net bang wie by nacht.
Doe sei de skuonmakker: "Ik bin foar de duvel net bang. Ik doar nachts rounom wol hinne."
Doe seinen de oaren tsjin him: "Doarstû dan ek wol allinne yn in leech hûs to wêzen by nacht?"
"Hwerom net?" sei de...