Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: dood werken Place of Narration: Drachten
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen. De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen. Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
Antsje de Bruine wenne yn 'e Houtigehage. 't Minske hie 't o sa krap. Sy gong froeger in protte to naeijen. Op in nacht hie se thús sitten to naeijen by in ljochtsje. Doe hie der hwat by de doar west. De doar gong iepen en der kom ien yn. It wie in geest. 't Wie de geest fan har muoike, dy't al dea wie. Kingemoai, sei se tjin har. "Hwat is der oan,...
nl.verhalenbank.24675
Doe't ik yn 'e Haskerveenpolder oan 't wurk wie, fortelde Paulus van Zanten my oer in man en in frou. De man arbeide op 'e febryk. De frou wie great mei in oare keardel. Dat hienen de lju him al in kear of fjouwer, fiif forteld, mar hy woe it noait leauwe. Mar op in kear tocht er: ik wol 't ûndersykje. Doe't er dy moarns nei 't wurk ta gong wie, kearde er...
nl.verhalenbank.24002
Der wie ris in skuonmakker, dy siet op in kear mei syn maten yn in café. Doe woarde der sa oer praet hwa't al en hwa't net bang wie by nacht. Doe sei de skuonmakker: "Ik bin foar de duvel net bang. Ik doar nachts rounom wol hinne." Doe seinen de oaren tsjin him: "Doarstû dan ek wol allinne yn in leech hûs to wêzen by nacht?" "Hwerom net?" sei de...
nl.verhalenbank.33383
Der wie in boerinne, dy har man wie stoarn. Hy wie dy deis op 't hôf kom en hja woe graech selskip ha dy nachts, hwant hja fielde har net feilich allinne. Dêrom frege se de feint of dy dêr dy nachts bliuwe woe. Mar de feint woe net. Hy woe fuort, al hoe't de frou ek oandrong. Doe't se in skoftsje allinne sitten hie, kamen der twa man by de doar. Dy fregen...
nl.verhalenbank.19969
Twa mieren fan Lippenhuzen hienen yn 'e buert fan Snits de klaei oer west to ûngetiidzjen. Sy reizgen oer Terwispel werom en omt se aerdich hwat jild by har hienen, stutsen se dêr oan yn in herberch, dêr't se de iene buorrel nei de oare kochten. Dêr yn 'e herberch gong it bot op in flokken en dwaen. Sy tjirgen har as gekken. Even foarby 't godloas tolhûs...
nl.verhalenbank.23994
Der wenne alris in faem yn 'e Like. Dy tsjinne by in rike mynhear. Doe stiel dy faem dêr goud en sulver en jild by dy rike mynhear. Doe moest dy faem foar de rjochtbank forskine. Hja krige levenslange gefangenisstraf. Sy sluten har op yn in grot yn 'e Like. Doe frege se of se wol hwat wurk ha mocht. Jawol. Hwat se dan woe? Skelpen woe se wol ha. Doe...
nl.verhalenbank.26973
Douwe Stavasius soe mei dikke Yntsje fan 'e Grinzer Pein to sichtsjen nei de klaei. De deis fan tofoaren sei Douwe tsjin Yntsje: "Ik gean moarn net mei." "Né?" sei Yntsje. "Né," sei er, "hwant ik ha sjoen dat der ien by ús stoarn is." In pear dagen letter stoar ien fan syn bern.
nl.verhalenbank.26068
35