Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: dood weg Place of Narration: Drachten
Heit sei tsjin ús, wy moesten noait midden op 'e wei rinne fanwege de lykstaesjes, dy't wol us passeare koenen. Ik ha my dêr hast altyd oan hâlden.
nl.verhalenbank.19861
Ik ha forkearing hawn, ik bin net mei har troud, mar ik ha in soan by har woan. Sy is fuort dêrnei stoarn. Doe't se noch leefde, kom ik by in kaertlizter. Dy sei: ik hie har net lang mear. Mar ik soe in oaren ien treffe op in rûm ein wei. Dat is allegear útkom. 't Hie hurdsilen west yn Grou, doe trof ik dêr op 'e wei ien.
nl.verhalenbank.25580
Men mat nachts der om tinke altyd op 't fuotpaed to bliuwen. Rin noait op 'e wei. Hwant der binne in bulte lykstaesjes. Jo wurde oan kant treaun of oer de lykwein hinne smiten.
nl.verhalenbank.25478
Op Teadehoekje woarde Teade Wagenaar formoarde om in pear sinten. Hy hie in koe oan 't tou, doe't er foarmoarde woarde. Ien hie him in stok ta de hals yn treaun. De oare moarns, doe't er dea foun waerd, hie er it tou fan 'e koe noch yn 'e hân. Us mem en dy ha tichte by Teadehoekje wenne oan 'e Slingerwei. Dêr tichteby wenne ek in sekere Bonne Veenstra. Dy...
nl.verhalenbank.19744
Lubbe van Duinen fan 'e Grinzer Pein sei: "Rin nachts noait midden op 'e wei, hwant dan kinne jo tsjin in lykstaesje oprinne." Ik wyt ek noch dat er ris sei: "Der hat ek wer in houn sa spûkgûld. Der komt wer in sterfgefal."
nl.verhalenbank.27490
By jountiid mat men noait midden op 'e wei rinne. Hwant dan kin men oan kant stompt wurde. Yn 'e Wylgen is sa ris ien fan 'e wei smiten woarn. Letter kaem dêr dan in bigraffenis lâns.
nl.verhalenbank.29642
Us mem seach ris in kear in bigraffenis fan tofoaren. Njonken ús wenne in âld man, Klaas Mulder. Mem seach de lykstaesje op in âld reed. Dêr kaem oars noait hwat lâns. Sa'n fjirtsjin dagen letter stoar ús âld buorman en waerd er lâns dy âld reed nei 't tsjerkhôf ta brocht.
nl.verhalenbank.36951
Hindrik de Zwart wennet nou oan 'e Mûzegroppewei yn 'e Rotfalle. Hy en myn broer Germ kommen togearre de Mûzegroppewei ris delkuijerjen. 't Wie op in joun. Sy wienen sahwat ta oan it plak dêr't Sytse Batema formoarde is. Doe sei Hindrik tsjin Germ: "Dû mast rûmte jaen. Even fan 't fytspaed ôf. Der komt in lykstaesje oan." Sy stapten beide oer de groppe....
nl.verhalenbank.26155
Douwe Stavasius wie mei de helm geboaren. Hy wenne yn Grinzer Pein. Dêr wenne ek in jonge, dy krige in ûngelok mei de kipkarre. Doe woarde er op 'e leider nei de wei ta brocht. Douwe sei: "Dat kinne se wol dwaen, mar 't jowt neat. De jonge komt dea werom." En 't wie ek sa. Hy is ûnderweis stoarn. Douwe hie syn bigraffenis al sjoen.
nl.verhalenbank.26056
35