Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: dood vogel Place of Narration: Drachten
Spûkgûlde der in houn, dan leaude men fêst dat der in sterfgefal kom. De houn stie mei de kop nei de kant út to sjen dêr't ien stjerre soe. As eksters skatteren kom der ek in deaden.
nl.verhalenbank.19692
Der wie ris in man, dy woarde ta de dea foroardiele. Dy man sei: "Ik bin ûnskuldich." De rjochter wie 't dêr net mei iens. "Sa wier as der noait in sweltsje oan in tsjerke nesselje sil," sei de man, "sa wier bin ik ûnskuldich." En 't is in feit, der nestelt noait in swel oan in tsjerkemuorre.
nl.verhalenbank.26158
Myn mem har suster yn Stiensgea - Klaske-muoi - wie tige siik. Hja hie longûntsteking. Mem wie neat net bygelovich. Der komt in ekster oanfleanen by ús mem. Dy komt tsjin 't sydgleske oan. Doe blykte dat har suster overleden wie. De ekster wie de boade fan 'e dea.
nl.verhalenbank.27494
As in houn spûkgûlt giet der mei gauwens ien dea, wurdt der altyd sein, en 't komt ek wol faek út. As in katûle earmoedich raest, komt der èk gau in deaden.
nl.verhalenbank.27522
As eksters ticht by de achterdoar komme is der binnen trije dagen in lyk yn dat hûs.
nl.verhalenbank.33221
As in ymker forstjert, dan matte de bijekuorren in eintsje forset wurde. Oars stjerre de bijen, wurdt der sein. In kanarje yn 'e kouwe mat ek forhong wurde as der ien yn 'e hûs stjert. Oars giet de kanarje dea of hy sjongt noait wer.
nl.verhalenbank.23997
As der ien dea giet, mat it fûgeltsje yn 'e kouwe forhong wurde, oars giet it dea of it sjongt net wer fan fortriet. As der ien stoarn is matte syn skuon op in oar plak set wurde, oars forbroeije se.
nl.verhalenbank.33777
As eksters ticht by de doar skatterje, giet der ien yn dat hûs dea.
nl.verhalenbank.19374
35