Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: dood man moeder
Pake (oan 'e frou har kant) bihandele beppe net bêst. Trije dagen foar syn dea seach er beppe op 't fuottenein. Doe wie beppe al jierren wei. Letter kom heit by 't bêd en doe sei er hyltyd mar: "Leave memke, leave memke."
nl.verhalenbank.22923
Der wenne yn 't Wêst fan Bûtenpost in sekere Hart Boersma. Syn mem wenne by him yn. Metsje hiet se en syn frou hiet ek fan Metsje. De jonge frou bihandele 't âld minske tige min. En de man wie ek altyd like hounsk tsjin syn mem. Doe is 't âld-minske dêr weirekke en gauachtich dêrnei stoarn. Mar doe sweefde se by Hart en Metsje om 'e doarren. Altyd wie se...
nl.verhalenbank.22833
Heit wie ek in raren ien. Op in kear doe siet er yn 'e parrebeam. Doe seach er syn mem oankommen, hoewol dy al jierren dea wie. Hy sei: "Hwat dogge jimme hjir. Jimme matte dêr wer hinne gean, dêr't jimme weikom binne." Doe wie syn mem wer fuort gong.
nl.verhalenbank.21537
Der wienen in man en in frou, dy hienen seis bern. It minske woarde siik en der kom in oare frou oer de flier dy't it wurk die. Dat wie in flink minske dy't goed op 'e frou paste. Mar al har goeije help mocht net bate. De frou stoar oan 'e sykte. Sy hie bigeard, dat it minske, dat har forsoarge hie, dat moest har klean ha. Mar dat die dy man net. Hy joech...
nl.verhalenbank.24556
In neef fan my siet ris op in joun yn 'e kroech fan Theunis Pot yn 'e Grinzer Pein. Doe wie dêr in man, dy sei tsjin myn neef: "Soest dyn mem noch wolris wer sjen wolle?" "Ja, wol graech", hie myn neef sein. "Komst har joun noch wol to sjen", sei dy oare. "As der ien oan 'e doar kloppet, dan is hja it." Myn neef die de doar iepen doe't der kloppe woarde...
nl.verhalenbank.28337
In âld man fortelde my, der wie in minske stoarn út in húshâlding wei. Hja wie de mem fan trije bern. Doe't dat minske al in skoftsje dea west hie, seinen de bern: "Heit, mem hat hjir hjoed ek west." "Dat kin net", sei de man. Hy wie oerdeis oan 't wurk. Mar it gebeurde al us wer en al us wer dat de bern seinen: "Mem hat der west. Hja hat by de tafel...
nl.verhalenbank.23838
Der wie in âld minske, dat kom to overlijden. It woarde de bern oansein. Mar de iene soan, dy't troud wie, hie in bytsje forkearing mei in oare frou. Hy hie krekt dy deis dat er de deatynge fan syn âlde mem krige mei dat frommes steld om by har to kommen. Tsjin 'e famylje sei er: "Ik kin hjoed net komme, ik kom moarn wol." It wie sa'n fjirtich k.m. nei...
nl.verhalenbank.25706
Oer 't spoar wenne in minske, dat wie Sytse Diuwke. Dat minske forstoar. Op in kear doe't Sytse it fjild yn wie mei tsiis, wie har mem dêr yn 'e hûs. Doe kom it forstoarne minske der stadich yn. Sy roan op 'e kast ta en bleau foar de sydkant stean. Doe gong se der wer stadich út. Ek in plysje, dy't dêr flak by wenne, hie har al us by de daem stean sjoen....
nl.verhalenbank.19449
Der leefde in man, dy forlear syn wiif. Hja hie in hiele protte klean fan har sels yn 'e kast. De man troude wer en sei tsjin it twadde wiif: "Jo kinne dy klean wol drage." Doe seagen de bern har mem hyltyd wer kommen. Hja spoeke en roan nei de kast ta. Dat gebeurde wit hoe faek. Allinne de bern seagen it en sy fortelden it oan har heit. Mar dy woe 't net...
nl.verhalenbank.19663
9