Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
49 datasets found
Dutch Keywords: dood kruis
Rouw en dood Voortekenen dood “vuurloop” . Dat mensen in hun droom een begrafenis van te voren al zien. “Ook het stilstaan van de klok wordt als voorteken van de dood gezien.” Overlijden Een vriendin van haar wil begraven worden in een linnen zak. Dit is een oude gewoonte. Ook vertelde ze dat men wel kant om kant de spijkers in de kist sloeg. “Dit heeft...
nl.verhalenbank.42899
Toverboeken Us memme pake, it wie in Gabe Kats, dy hie sokke boeken. Dêr siet in reade krúsbân om. Men moast se lêze fan efteren nei foaren. Men koe der fan alles mei útheve. As bygelyks ien dêr't se de pik op hienen der lâns kaam mei hynder-en-wein, dy lieten se samar stilstean. Sokke grappen hie oerpake dan wol ris. Mar op 't lêst kaam dy man te...
nl.verhalenbank.12464
Jehanne, de frou fan Japik Nauta hjiroer, rekke siik. Sy masteren mei greate Wopke fan Kûkherne. Japik gong ris op in kear nei Wopke ta om drank to heljen. Hy wie to foet. Wopke joech him in drankje foar Jehanne mei. Mar hy sei: Pas goed op, hwant jo krije lêst ûnderweis. Jo matte de drank goed opbergje. Doch it ûnder 'e jas. Der meije foaral gjin...
nl.verhalenbank.15905
Oan 'e Simmerdyk tusken Burgum en Hurdegaryp hat men it poepekrús. Dêr ha twa hantsjemieren rúzje krigen om 't jild en doe hat de iene de oare deaslein. 't Wienen Dútsers. It krús is swart. Se ha de pôllen gers weispit en sûnt bleau it altyd swart. Dêr groeide neat mear. Nou ha se stiennen op 'e modder lein.
nl.verhalenbank.31290
Alle Tet wie de greatste tsjoenster fan de Heide. Sy hie 't fral op bern forsjoen. Sy hat hjir genôch bern deatsjoend. It bern fan Roele Akke ek. Sy kom dan mei in moai praetsje yn 'e hûs en dan sei se sahwat flaeikjend: Hoe is 't mei 't berntsje, Akke? Op in kear kom se ek wer en doe sei se: Ik sjoch 't wol, 't is al hast wei. En doe soe se gau it bern...
nl.verhalenbank.15904
Beppe wenne to Feanwâldsterwâl. Dêr wie in bern siik. Dêr kaem altyd in swarte kat om 'e doar rinnen, dat wie de tsjoenster dy't it bern bitsjoend hie. De buorfrou sei: Tink der om, dat en dat âld minske, dy docht it. Dy makket jimme bern siik. Jimme matte in krús fan rogge meitsje ûnder 't kleedtsje by de drompel, dan kin se der net yn komme. It bern hie...
nl.verhalenbank.31286
Yn Frankrijk wenne in man allinne. 't Wie in fleizige man. Hy wie roomsk. De man wenne yn in hiel great hûs, op 'e bare rûmte. Der roan in feart by dy man syn hûs lâns. 't Wie eins in rivier. 't Wie de rivier des doods, dy wie forgiftich. Dy rivier is der noch. Op in kear wie 't hiel swier waer. Doe seach dy man ta 't raem út oer de rivier des doods...
nl.verhalenbank.28714
..... Joa dat hebt de oolde leu vrower völ vertöln, nich, in dee joarn, nich, dat oolde Veenken, dat hef vrower met de peer owwer de Zuiderzee veurd, 't har zoa har vreurn, nich, mer den hef doar nen hook had, nich, at ze doar in goan warn, hadn ze doar aajt met törfkloetns smetn, bie de Veenke in Oartmösche, dee knecht, at dounker was wördn, hadn dee...
nl.verhalenbank.128459
Hoe is de namme 'Swartkrús' ûntstien? Der marsjearde us in rézjimint soldaten de strjitwei lâns fan Ljouwert nei Grins. Ien fan 'e soldaten stoar ûnderweis. Doe bigroeven se him yn 'e barm. Sy makken dêr in krús op fan modder tusken it gers, hwant dy soldaet wie rooms. Doe gongen se nei de minsken ta dy't dêr neist oan wennen en sy joegen elk hwat sinten...
nl.verhalenbank.23593
Doe't Jezus oan it krús hong stie der net sa fier fan dat krús ôf in geit yn it lân. Dêr flak by wie in wâl mei reid. Wylst Jezus stoar biet dy geit yn 'e reiden. Dêr bleauwen trije toskleasten fan achter. Noch altyd binne dy toskleasten yn 't reid to sjen.
nl.verhalenbank.30896
Der wenne in âld minske oan 'e Lytse Wei, dy is dêr formoarde woarn. Sy ha doe in krús op 'e beam set. Sûnt spoeke dat âlde minske dêr altyd om. Forskate lju doarsten dêr jouns net mear lâns komme. It krús bleau dêr altyd yn. Woarde de beam omkapt, dan kom it krús wer yn in nije loate.
nl.verhalenbank.27247
Op 'e lytse Wei is us in âld minske formoarde woarn. Dat wie flak by it húske, dêr't Sterke Hearke yn wenne hat. In arbeider foun har yn 'e nacht dea. (Hy arbeide by de Bosma's, dat wienen greate boeren ûnder Droegeham, dy't èk oan 'e Lytse wei wennen) Hy joech it fuort oan by de plysje. De oare moarns gong hy der hinne om to sjen. Doe stie der in krús op...
nl.verhalenbank.19977
In suster fan ús mem is as fanke bitsjoend woarn. Sy woenen wite hwa't it dien hie en doe woarde der in krús op 'e daem set. Doe kom it buorwiif der oan. Mar dy koe noait oer it krús hinne komme. Hja hie der mar foar omkjirme en raesd. Mar it bern hie al trije krânsen yn 't kessen. It is stoarn. 't Wie alve jier âld.
nl.verhalenbank.15630
It is froeger ris gebeurd dat hjir twa hantsjemieren út Dútslân weikamen to meanen. De iene dat wie Karl. Hja meanden by in boer, dy wenne oan 'e Simmerdyk ûnder Burgum. It famke fan dy boer rekke siik. De boerinne tocht net oars of it bern wie bitsjoend en hja sette mei kryt in krús oer de flier foar 't bêd dêr't it bern yn lei. Dan hienen de tsjoensters...
nl.verhalenbank.37862
Oan 'e Lytse Wei is in dyk mei ikebeammen. Op ien fan dy beammen is in krús. Dat giet noait wer út dy beam wei. Sy ha de beam wol omkapt, mar it krús kom der like goed fansels wer yn. Sy ha dêr us in frou formoarde. Dêr is dat krús doe troch ûntstien.
nl.verhalenbank.22710
21.29 [JvdB] Dus dat was het eerste verhaal, maar van zijn vader daar is een heel uhh daar zijn twee leuke verhalen van. Het eerste is in 1942 toen woonde dr in Kloosterhaar een familie Evers en die hadden een kind van 6 jaar. En dat kind dat werd ziek en toen hebben ze daar uhh, nou ja de oorlog ging ook voor heel veel mensen het leven gewoon door, daar...
nl.verhalenbank.46645
As de moune yn 't krús stie, dan wie dat in kwea teken. Dat bitsjutte dea.
nl.verhalenbank.20843
Alle Tet wie hjir de tsjoenster. Wy setten as bern mei de klomp in krús yn 't sân as Tet der oan kom. Dêr koe se net oerhinne komme, seinen se. Doe't Tet goed en wol dea wie, bleau se sa slop as in flarde. Dêr koe men oan wite dat it in tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.21140
Op 'e Simmerdyk yn Burgum is froeger in poep formoarde woarn. Sy ha him bigroeven oan 'e kant fan 'e wei yn 'e berm. Sy ha dêr in krús makke troch de pôllen gjers dêr wei to dollen. Sûnt wol dêr gjin gjers wer groeije.
nl.verhalenbank.27647
Er waren ook mensen, die euh, zagen een kruis in het beddengoed - dus meestal op het witte laken - als ze de bedden opmaakten. En dat waren dan meestal de vrouwen, en dan wisten ze dat ter binnenkort in de familie iemand zou sterven. Doordat kruis in het laken, maar ik heb die vrouwen zélf nooit gesproken. Ik heb dat ook weer via via gehoord.
nl.verhalenbank.128298
35