Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: dood geboren Place of Narration: Drachten
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Der wie in faem, dy hie in berntsje krige. Hja hie der gjin man foar. Doe hat se dat bern foar de bargen smiten. Mar letter, as hja de bargen fuorje moest, dan forskynde dat bern altyd wer as geest. Dan lei it de hantsjes om 'e rânne fan 'e trôch hinne.
nl.verhalenbank.19858
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen. De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen. Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
Tiense Boomsma fan 'e Boelensloane wie mei de helm geboaren. Hy sei: "Ik mat alles sjen." Doe't der ris in jongeman stoarn wie, sei er fan tofoaren al: "Ik ha de bigraffenis sjoen. Deselde dy't stjert wennet op 't plak dêr't Houtigehage yn Boelensloane oanslút." 't Is dy en dy, sei er. It kloppe as in bus.
nl.verhalenbank.29386
Marten Skeet wenne yn Aldegea, yn 't lêste hûs. Syn frou hiet Doekel, dy koe mear as in oar, seinen se. Dy seach allerhande dingen dy't in oar net seach. Hja wie mei de helm geboaren en moest dan de lykstaesjes fan tofoaren sjen. Op in kear wie der in keardel yn Aldegea tige siik. Dat wie Jan Sjirks. Hy hie longontsteking en it like o sa slim. Der stie op...
nl.verhalenbank.33626
As hounen spûkgûle, dan komt der in lykstaesje lâns. In houn kin foarútsjen. Sa'n dier sjocht dan de lykstaesje al. Yn Houtigehage spûkgûlde in houn mei de kop nei in hûs ta, dêr't in frou yn forwachting wie. Der woarde in skoftsje letter in dea popke geboaren. Dat kom dêr doe lâns mei de dragers.
nl.verhalenbank.33774
Greate Tiense fan 'e Boelensloane wie mei de helm geboaren. Dy seach lykstaesjes fan to foaren. Dan koed er sizze: dy en dy rekket ek wei, ik ha de bigraffenis sjoen. Sa fortelde er ek fan ien dy't mei forlof thús wie fan 'e tsjinst: ik haw syn bigraffenis sjoen fannacht. It wie in kammeraet fan Tiense. De soldaet wie siik thúskom. In pear dagen letter is...
nl.verhalenbank.37927
Yn Westersân woarde in bern geboaren, dat fleach by de geboarte troch de keamer hinne. It bern koe fuort prate. Mar it bleau net langer as in ûre yn leven. It fleach by de gerdinen omheech en sei: "Als moeder eens wist hoe het met het sterven is." Doe foel it nei ûnderen en it wie dea. Beppe tsjinne dêr in pear huzen ôf. Dy woarde sa binaud, dat sy hat de...
nl.verhalenbank.19851
Douwe Stavasius wie mei de helm geboaren. Hy wenne yn Grinzer Pein. Dêr wenne ek in jonge, dy krige in ûngelok mei de kipkarre. Doe woarde er op 'e leider nei de wei ta brocht. Douwe sei: "Dat kinne se wol dwaen, mar 't jowt neat. De jonge komt dea werom." En 't wie ek sa. Hy is ûnderweis stoarn. Douwe hie syn bigraffenis al sjoen.
nl.verhalenbank.26056
35