Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: dominee beschermen
Doomny van Velzen fan Droegeham hie in protte fijânnen trochdat hy de wiere leare forkondige. Der ha guon west, dy woenen him deameitsje. Mar hy woarde troch Us leaven Hear biskerme. Dat gebeurde sa: Op in kear ried er yn in glêzen wein. Doe soed er nei in oar plak ta to preekjen. Underweis skuort ien de doar fan 'e wein iepen en hy wol doomny in stek mei...
nl.verhalenbank.33734
Der libbe in doomny dy wie tige froom. Op in kear soed er nei in siken ta. 't Waerd donker. Hy moest oer in houtsje. Der wienen twa dy woenen him fan kant meitsje. Dy wisten dat hy nei dy sike ta soe. Sy seinen: "As wy nou yn 'e wâl lizzen gean, dan slaen wy him fan 't houtsje ôf. Dan komt er yn 't wetter tolânne en dan forsûpe wy him wol." Sy sieten yn...
nl.verhalenbank.33125
Der wienen trije jonge bazen, dy hienen de pik yn op har doomny. Hja sprutsen mei elkoar ôf, hja soenen dy sneins nei tsjerke ta en dan soe ien fan har de doomny, wylst er stie to preekjen mei in stien smite. Doomny dy seach har dêr sitten en ûnder 't preekjen priizge er har, dat se yn 'e tsjerke wienen (hwant hja kamen der oars noait). Doe sei de iene...
nl.verhalenbank.30411
Der wienen ris twa man, dy hienen de pik yn op 'e dominé. Dy woenen se fan kant meitsje. Sy lieten in boadskip by de doomny bringe dat der wie in pasjint, dy't bûtenút wenne, tige siik. Of doomny dêr wol efkes hinne woe. De doomny gong op stap en de twa banditen krûpten yn in beamwâl, dêr't de doomny lâns moest. Dêr woenen se him formoardzje. Mar doe't...
nl.verhalenbank.33547
Yn 'e tiid fan 'e ôfskieding mat der to Droegeham in doomny stien ha dy hiet Van Velthuizen. Dat wie in man dy't in skieding brocht yn 'e herfoarme tsjerke en dat namen guon him bot kwalik. Der wienen twa mannen dy wienen sa forbittere op him, dat dy woenen him deameitsje. Op in Snein-to-joun hie ds. Van Velthuizen nei in oar doarp ta west to preekjen. Hy...
nl.verhalenbank.37871
[Sa wie der] in dûmny op in dorp efter Ljouwert dy 't de lju tige op it sear kaem en dy't fan twa man dy't him in poets bakke woene, nei ien tastjûrd waerd dy't swier siik lei. Komt by de minsken, mar dy binne goed soun. Hja wolle dûmny dêr hâlde, mar dy seit: "Wie mij geleid heeft, zal mij ook naar huis leiden." De beide mannen yn 'e wâl litte him...
nl.verhalenbank.31764
Warmolds wie in boerke fan Stiensgea. Hy hat yn 'e Harkema it evangeelje brocht en dêr in tsjerkje delsette litten. Der wienen guon dy hienen in hekel oan him. Op in joun moest er de Turfloane del fan Stiensgea nei Harkema. Doe hienen se tsjin him sein: "pas op, dêr lizze in pear klear, dy wolle jo deameitsje." Dat wienen guon dy't de pik op him yn...
nl.verhalenbank.27665
Doomny de Cock fan Ulrum hat de ôfskieding brocht. Doe gong it dêr tsjin elkoar. Guon hâldden it mei de doomny en guon wienen syn fijânnen. Doomny de Cock hie in faem, dy wie ledemaet by him yn tsjerke woarn. Dy hâldde 't mei him en stie oan syn kant. Dy faem hie forkearing mei in jonge baes. Mar dy jonge baes koe net mei doomny opsjitte. It wie syn...
nl.verhalenbank.27666
In hin as hoedingel De broer fan 'e foarige ferteller is oan it wurd: Dat ferhaal haw ik hiel oars heard. Nei't my foarstiet ha 'k it fan Johannes Dykstra fan Eastermar. Der wenne in dominy mei in hûshâldster. En doe op in jûne, it wie al tsjuster, kaam der berjocht — wa't it berjocht die wit ik net — mar der kaam ien te sizzen, dat der lei in frou op...
nl.verhalenbank.11465
In hûn as hoedingel Der wie ris in dominy, dy koe ôfgryslik preekje en hy sei it de minsken tige oan. Dêr mochten party net oer: dy koenen de wierheid net ferneare en krigen it grau op him yn. Lykwols, se koenen lang net tsjin him op. En doe boaze dat oan, sa slim, dat der wienen guon, dy woenen him wat dwaan. Dominy hearde dêr wol ris wat fan grútsjen,...
nl.verhalenbank.11464
Doomny de Cock fan Ulrum wie us op in nacht ûnderweis. Der wie in feint, dy hie bot de pik op him yn en dy woe him dea meitsje. Hy wist dat de doomny dêr de nachts lâns moast en hy hie him forskûle yn 'e wâl. Mar doe't doomny de Cock omtrint oan him ta wie, hie er oan elke kant ien njonken him rinnen hawn. Doe wie dy jongeman binaud woarn en hie him net...
nl.verhalenbank.27061
Der wie in doomny, dy woarde de nachts helle by in âld-minske. It wie in hiel ein rinnen. 't Wie alhiel fan Bomkleaster nei Readskuorre ta. Dêr to Readskuorre stie in boereplaets en dêr tichteby in arbeiderswente en dêr wenne dat âlde minske yn. Dat âld-minske wie siik. Sy gong altyd fan 'e kelder yn 'e gong en fan 'e gong yn 'e kelder. Der sieten reade...
nl.verhalenbank.32998
Der wie is in man, dy hie de pik yn op 'e doomny, omt dy it evangeelje forkundige. Hy moest dêr neat fan ha en hy nom it bislút, hy soe de doomny deameitsje. Doe liet er in boadskip yn 'e nacht nei doomny bringe dat dêr en dêr, ergens op in iensum sté, dêr lei ien op stjerren en dy hie bigeard mei doomny to praten. Doomny lei al op bêd, mar hy kom der gau...
nl.verhalenbank.23514
Doomny de Kok fan Ulrum, de man fan 'e ôfskieding, hie earst in protte fijannen. Op in joun woarde er roppen by in siken. Hy gong fuort op stap. Hy moest oer in planke. Under dy planke leinen twa jongfeinten. As hy op 'e planke stapte, soenen hja de planke omwippe en dan soe er yn 'e feart tolânne komme en fordrinke. Sy wienen ek deselden dy 't biricht...
nl.verhalenbank.23892
Ds. van Velzen fan de Ham (= Droegeham) woarde us op in joun warskôge, dat der wie ien tige siik en hy woarde frêge dêr by dy sike to kommen. It wie al let en hiel min waer. De húshâldster rette it him ôf. It waer wie to min, sei se. Mar doomny sei: "Ik gean hinne." Doe kom er by in brêge. Dêr sieten trije man forskûle, dy woenen him deameitsje. Mar doe't...
nl.verhalenbank.21920
35