Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: dokter Place of Narration: Harkema
Douwe Bylsma to Harkema hie in buchel. Hy hat him by syn leven oan 'e duvel forkocht. Dan koenen de dokters letter mei de buchel dwaen krekt hwat se woenen. Hy hie in winkeltsje. Soms gong er op 'e toanbank lizzen op 'e buchel. Dan draeide er as in top yn 'e rounte op dat bucheltsje.
nl.verhalenbank.33093
Der wurde wol bern mei de helm geboaren. Dy't sa'n helm hat is kûgelfrij. Dokters binne hyt op sa'n helm. In kaptein op sé, dy't in helm hat, sil syn skip altyd bihâlde. Frijmitselers binne ek kûgelfrij. Sy ha in forboun mei de duvel. As frijmitselers nei 't café ta geane om even oan to stekken en sy ha gjin jild, dan geane se even yn in hoekje stean en...
nl.verhalenbank.28592
Der wienen minsken yn 'e Harkema, dy hienen in bern, dat wie siik. Ut tsjerke wei kom buorman om to harkjen hoe't it mei it bern wie. De frou sei tsjin 'e buorman: "De jonge wurdt neat better. Wy ha al guod fan dokter, mar dat jowt suver neat." De man sei: "Ik mat moarn mar nei de duvelbanner ta yn Kûkherne. Dan mat ik mar in heale dei thúsbliuwe." De...
nl.verhalenbank.16887
Us Tsjipkje woarde ek al us siik. Doe kom Tet ek us wer in kear by ús. Sjoerd (myn man) syn suster wie ek by ús. Tet sei tsjin Tsjipkje: "Hwat bist in leaf famke, mar jim mem wol net lije dat ik by dy kom." Ik sei: "Né, dû bliuwst fan har ôf." Sjoerd syn suster hat har in opstopper jown. Sa is se der út rekke. Wy ha doe nei in man ta west om rie. Tsjipkje...
nl.verhalenbank.23430
Der kom ris in frommes by lytse Fedde. Lytse Fedde wie wûnderdokter op Sânbulten. Hja sei tsjin him: "Kinne jo my ek geneze. Ik haw in protte lêst." Fedde sei tsjin har: "Ja, ik kin jo geneze, mar it resept dat ik dêr foar ha, dat is net sa moai. Mar wolle jo wer better, dan matte jo krekt sa dwaen as ik siz. Nou is 't in rare fraech dy't ik jo doch....
nl.verhalenbank.33659
Greate Egbert hat in broer hawn, dy woarde siik. Sy masteren mei dokter Keizer fan 't Surhústerfean. De jonge woarde net better, hy woarde earder minder. Doe tochten se: hy sil wol bitsjoend wêze. Dat doe soe Egbert mar nei greate Wopke ta. Egbert kom de moarns bitiid al út bêd. Hy soe him oanklaeije, mar hy koe noait lúsjefers fine. En doe't er guon hie...
nl.verhalenbank.28503
Yn in boerespultsje ûnder de Ham rekke in bern siik. It bern tsjirme, dat wie skoan oan 't bern to sjen. Hoe't de dokter der ek mei omplastere, it joech allegear neat. It bern bleau in harterke, ja it kopke biklonk hoe langer hoe mear. Doe sei de buorman tsjin 'e heit fan dat bern: "Dû mast opjaen fan dokterjen. Der skeelt dat bern oars hwat. Dêr hat in...
nl.verhalenbank.15782
8