Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: dode Place of Narration: Drachten
Berntsjes dy't gjin deaklean meikrigen ha, spûkje ek. Dy kinne de rêst net krije. Yn 'e Boelensloane wienen sokke berntsjes. Dy wienen neaken. Guon ha har sjoen.
nl.verhalenbank.37926
Yn 'e Houtigehage stie in hûs, dêr spûke it yn. Dêr yn dat hûs ha in soan en in dochter har beide fan kant makke. Sûnt dy tiid spûkje dy beiden dêr. 't Is noch famylje fan my.
Yn 't Barrahûs gebeurde it faek, dat minsken dêr ûnderdak krigen foar de nacht. Op in joun kom dêr ek in frommes yn. It wie in fremd frommes, dat se net koenen. Ien fan 'e mannen, dy't dêr ek sieten, wie in soldaet. Dy soe dêr dy nachts ek sliepe. Doe't er in pear kear nei dat frommes sjoen hie, tocht er by himsels: bistû eins wol in frommes? Hy gong...
nl.verhalenbank.37818
Op Teadehoekje, oan 'e wei nei Boarnburgum spoeke in sekere Teade, dy't dêr formoarde woarn is.
nl.verhalenbank.37017
By tonger woarde de spegel mei in skelk bihinge, ek by de dea. Dan waerd de klok ek stil set en de kouwe mei de fûgel forhuze nei in oare keamer.
nl.verhalenbank.36933
Yn Aldskoat wie ris in bigraffenis. Doe't it folk op 't tsjerkhôf wie soenen se de kiste sakje litte. Doe sei it lyk ynienen: "Lit my der út. Ik ha 't hjir sa binaud!" Doe lieten de dragers de kiste los en dy plofte yn it graef. Sy naeiden allegear út, hals oer de kop. Der wie in âld-minske by, dy wie sa rimpen, dat hja stroffele oer in sark en bruts in...
nl.verhalenbank.26050
De geast fan 'e forstoarne wurket noch altyd op 'e levende, as dy levende de deade net jown hat hwat him takomt.
nl.verhalenbank.24943
Klaes Bosma wenne to Nijtap njonken dikke Bôkke (v.d. Burg) op 'e plaets fan Hedzer Brandsma. Hy forlear dêr syn frou. Hy biloofde har fan tofoaren, hy soe net wer trouwe. Mar hy hâldde him net oan syn wurd. Hy troude mei in sekere Aeltsje. Doe't se fan 't gemeentehûs werom kommen, siet syn earste frou ek yn 'e wein. Hja kom letter hyltyd wer by him....
nl.verhalenbank.24942
Myn broer en syn kammeraet sieten beide op 'e kop yn 'e swolms. Doe krigen se de rie, sy moesten in bonkje fan 't tsjerkhôf helje, dat ôfskraebje en dat yn 'e molke dwaen. Dan gongen de swolms fuort. Sy ha 't dien en wier, sy rekken se kwyt.
By âlde Minse Griper kommen nachts wol us forstoarne minsken, seinen se, dy't in bigearte hienen. Minse Griper moest dan it boadskip trochjaen.
nl.verhalenbank.23502
Het in minske op syn stjerbêd hwat oan, dat op snein naeid is, dan kin er net stjerre. Men mat dan in knip yn dat klaeijingstik dwaen.
0