Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
14 results
Dutch Keywords: dochter veranderen
Vroeger geloofde men hier aan heksen. De laatste heks, die hier als zodanig bekend stond, heette Lies. Twee van haar dochters zijn thans nog in leven. (Deze vrouwen zijn beide reeds meer dan zestig jaar). Lies werkte bij een boer op het land. Als zij wilde weten hoe laat het was, nam ze haar schort en rolde die op. Onmiddelijk werd het een kat, die in de...
nl.verhalenbank.13506
Minne Ael wie ek in tsjoenster. Dy foroare har yn in kat. Hja hat har eigen dochters bern bitsjoend. Dy wennen yn 'e Kule. As de minsken in fremde kat seagen, seinen se: "Minne Ael is der wer op út to tsjoenen." De tsjoensters forgaderen meielkoar as se har yn katten foroare hienen. Dan gong it drok op in psalmsjongen. Dat gebeurde meastal op in stik lân....
nl.verhalenbank.36822
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Wy hienen froeger ien by ús, dat wie Rikele Myt, dy koe spoekje. Ien wie troud mei in dochter fan Myt. Dat wie in evenredige keardel, dêr't alhiel gjin kwea by siet. Dy sei fan Myt: "Dat wiif - ik haw har it eech út 'e kop slein. Ik siet to matteweven by de spitmuorre. 'k Siet yn 'e hûs. Ik tocht: - hwat in...
nl.verhalenbank.25406
To Tsjummearum wennen in broer en in suster. Har mem wie to bakerjen op in pôlle tichte by de sédyk. Togearre gongen de broer en de suster op in joune let dy kant út om har mem op to heljen. Sy moasten oer de feart. Dêr lei in heechhout oerhinne. Sa kamen se op in sintelpaed. Dêr kaem in wite kat by har. Dy roun har hyltyd om 'e fuotten hinne. It dier wie...
nl.verhalenbank.20604
De mem Janne learde op dat stuit har dochter Luts it fleanen. Janne koe har yn in kat foroarje. Se ha ris in kear op in fremde kat smiten en dy mei in klomp rekke. Doe wie de tsjoenster de oare deis kreupel. (dat waerd fan Janne forteld.)
nl.verhalenbank.38002
Boardzer Bruining syn suster Feik fortelde my ris, hja hie ris as bern in stikje koeke krigen fan in minske dêr't se fan seinen dat dy tsjoene koe. Feik har mem hie har 't stikje koeke ûntkrigen en yn in kuorke lein. De oare moarns hie 't in pod west.
nl.verhalenbank.24426
Yn 'e Houtigehage, oan 'e Skoallewyk wennen in mem en in dochter, dy koenen beide tsjoene. Sy fleagen samar even togearre oer de wyk hinne. Sy foroaren har soms yn katten. Op in kear sieten mem en dochter elk oan in kant fan 'e wyk. Sy wienen drok oan 't kreauwen en fechtsjen. Doe wienen 't beide katten. De oare moarns wienen mem en dochter beide gewond....
nl.verhalenbank.27517
Soms foroaret in tsjoenster har yn in dikke swarte kat. Op in biezumstôk ride se troch de loft. Yn 'e Houtigehage wenne in mem mei in dochter, dy't beide fleane koenen, nei't se seinen. Binnen de sawn jier mat in tsjoenster ien deatsjoend ha, oars giet se der sels oan.
nl.verhalenbank.37462
Alde Minne Ael foroare har faek yn in kat. Har dochter wenne tichteby. By har dochter wienen in stik of hwat katten oan 't sjongen. 't Wie skoan to hearren dat it psalmen wienen. Har man sloech ien fan dy katten mei in peal oer de bealch. De oare moarns sei er: "De lytse is 't ûntkom. De oare hat de reis krigen. Dat wie Minne Brecht, èk in dochter fan...
nl.verhalenbank.36863
Heit fortelde ús myn âlde omke hie in dochter hawn, dy wie siik. Dêr gong omke foar nei Wopke duvelbander ta, dy't yn Kûkherne wenne. Omke ried oer de Wide Pet, hwant it wie winter. Wopke sei: "It fanke is bitsjoend. Hjir hast in drankje. Mar dû mast goed op 'e flesse passe, hwant ast omtrint thús biste komt de tsjoenster dy yn 'e mjitte, dy hat har yn...
nl.verhalenbank.17558
Der wie in frou, dy hie trije famkes. Dy praetten alle trije hiel drok. De frou wie oan 't waskjen en sy hie lêst fan dat drokke praten fan har famkes. Dat doe sei se: "Ik woe wol dat jim alle trije gûlswannen wienen." En sy hie 't net sein of it wienen gûlswannen alle trije. En dêr stouden se hinne troch de loft. Dat hie de buorfrou dien, hwant dat wie...
nl.verhalenbank.12535
Piters Willemke wie in tsjoenster. Hja gong der nachts op út to tsjoenen en dan lei der in koupânse by har op bêd. Hja sweefde altyd. Har dochter koe ek tsjoene. Dy foroare har faek yn in kat. Der wie ek in tsjoenster, dat wie Minne Ael. En dan wie der noch ien, dat wie Minne Brecht. Dy koenen har ek beide yn katten foroarje. By Gjetsje' Wytse wienen alle...
nl.verhalenbank.38489
EEN IJSELIJKE NACHT In Balen, een dorpje in België, woonde vroeger een boerenzoon, die erg verliefd was op een knappe boerendochter. Het is dan ook niet te verwonderen, dat de jongen vaak bij het meisje aan huis kwam. Het meisje, dat erg verliefd was op de jongen, vond dit natuurlijk heerlijk. En omdat ook de moeder van het meisje de jongen goed lijden...
nl.verhalenbank.49575
Heit hie in stik heide kocht, dat wie by de Skieding. Dat hie er mei twa oaren kocht. Der sieten seadden op en mei har trijen wienen se dêr oan 't baggerjen. Us mem en de beide froulju fan 'e oare manlju gongen dêr dan mei har trijen hinne, elk achter in kroade, om turf op to heljen. Dat wie in hiel ein fan hûs en sy namen de bern mei. Dan moesten se by...
nl.verhalenbank.37928
15