43 datasets found
Dutch Keywords: dier Place of Narration: Drachten
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Pake en beppe wennen op 'e Noarder Dwarsfeart. In broer fan pake, dat wie Geart Schriemer, dy wie bitsjoend. Hy wie sa siik as in houn en trille fan 'e koarts. Der wie altyd in dikke swarte kat by harren yn 'e buurt en dy hie pake yn 'e rekken. Dat wie de tsjoenster. Pake hie al in pear kear in raem op dy kat...
nl.verhalenbank.19863
Yn 'e Rottefalle wenne Piter Scheper. Dy koe mear as in oar. Hy siet us by syn buorman yn 'e hûs en doe sei er: "Sjoch, al jou fé rint bûtendoar." 't Wie midden yn 'e winter en soks wie net mooglik. It fé stie op 'e stâl, mar de buorman seach syn fé ek tige dúdlik rinnen. Hy gong nei bûten ta, mar der wie neat to sjen. Alle fé stie op 'e stâl.
nl.verhalenbank.19678
In tsjoenster koe har yn in swarte kat foroarje, wie 't sizzen altyd.
nl.verhalenbank.33697
Us Hindrikom wenne yn Twizelerheide. Hy hie dêr in winkel en ek wol bargen. Hy hie op in kear biggen by de mot. Tichteby wenne in âld man, dy koe tsjoene. Dy mocht graech bargen lije, mar Hindrikom syn jonge jage dy âld man fuort. Hwant de jonge wie bang dat de biggen oars bitsjoend woarden. Dy âld man hie de kweade hân. Dêrtroch wienen se bang foar him.
nl.verhalenbank.33319
Heit wie der faek mei Biesterveld op út to jeijen. In tsjoenster foroare har ek wol yn in hazze. Mar dy wie noait to reitsjen. Allinne mei sulveren kûgels.
nl.verhalenbank.27768
Doe't Jozef en Maria mei Jezus fluchte moesten út Bethlehim wei, kommen se mei de ezel yn Egypte. Dêr wie 't allegear sân en droechte. De ezel krige toarst en doe sette er syn tosken yn 'e reiden en snilen dêrre. Dat is noch altyd to sjen.
nl.verhalenbank.27018
Ik wie us op in nacht to murdejeijen op 'e Wide Pet. Ik hie in hiele bêste houn. Doe siet dêr hwat yn in beam, dat sprong der út, doe't wy oan dy beam skodden. De houn wie in monster en foar neat bang. Hy snapte dat ding en sprong der mei yn 't wetter. Dêr hat er wol in healûre mei dat ding fochten. Doe't de houn wer út it wetter wei kom wied er...
nl.verhalenbank.23487
De trije tosken yn 't reid binne fan in ezelsbeet. Doe't Noach de ezel út 'e arke weiliet wie 't earste dat er krije koe reid. 't Wie fierder allegear wetter. Sûnt kin men altyd noch de toskleasten yn 't reid sjen.
nl.verhalenbank.32944
De houtdou ropt: Forsûp dû dy boer! De hoanne kraeit: Liz aeijen!
nl.verhalenbank.32945
Guon minsken hienen macht oer it fé. Sokken koenen jin in dier forkeapje, sa mak as in hountsje. Letter wie 't in ûndier. Dat gebeurde wolris mei in hynder. Sokke minsken koenen mear as in oar.
nl.verhalenbank.29395
Bearn van der Woude fortelde: Ik wie us in kear by Hindrik Pikelhearring (= van der Molen). Doe sei Hindrik tsjin my: "Bearn, ik ha noch in bigje. Dat wie krekt hwat foar dy. Wolst it keapje?" Ik sei: "Ik ha gjin sinten." "Hoechst der ek net folle foar to jaen", sei Hindrik, hy is goedkeep. Ik sei: "Ik mat him earst mar ris sjen." Doe wy der hinne. 't Wie...
nl.verhalenbank.26059
Der wie in fanke, dy wie boerefaem yn Kuzumer yn Grinslân. Dat fanke wie nergens bang foar. Op in kear, doe hienen se by de boer in hokling slachte. 't Wie al joun en 't wie donker. Doe sei de boerinne: "Och hearink, nou ha wy 't sâlt forgetten!" Doe woarde de faem der op útstjûrd om gau even nei de buorren ta om sâlt op to heljen. Doe seinen de oaren...
nl.verhalenbank.23454
In tsjoenster foroaret in stik iten dat se in bern jowt samar yn in pod.
nl.verhalenbank.19866
Yn 'e oare heide achter Surhústerfean wenne Rikele Myt. Dat wie in tsjoenster. Sy koe har yn in kat foroarje. Dy kat kom jouns altyd by deselde minsken. 't Wie in dikke, grouwe kat. De man sei: "Dat sil 'k dy kat ôfleare." Hy hie in fjouwer-tinige gripe. Doe't de kat der wer oan kom mei syn gleone egen goaide hy ta mei de gripe en hy rekke him. De kat hie...
nl.verhalenbank.29393
Der wie in stroper, dy hie op in snein-to-moarns ûnderweis nei tsjerke in ein fangd. Hy die him ûnder 'e jas en sa kom er yn tsjerke. De doomny hie ta tekstwurd: Ik zie hem. De stroper tocht: O blinder, hy sjocht myn ein. Doe die er in knoop fan 'e jas fêst. Even letter sei de doomny wer: Ik zie hem. Doe die de stroper nòch in knoop fan 'e jas fêst. Wer...
nl.verhalenbank.23721
De doomny fan Boarnburgum en Koartehimmen (ds. van Es) hâldde der kninen op nei, mar der woarden altomets guon fan stellen. Doe't doomny op in snein-to-moarn ris wer op 'e preekstoel stie, nei't se him dy wyks wèr kninen ûntstellen hienen, sei er: Boeren en burgers van Boornbergum en Kortehemmen, ik zeg niet, dat ge dieven zijt, maar ik raak al mijn...
nl.verhalenbank.33386
Op Luchtenfeld wenne in man, in sekere Wytse Luchtenveld, dy naem de minsken de koarts ôf en brocht se op hwat oars oer: in beam of in dier. De minske wie de koarts dan kwyt. Wytse hie in stille kroech.
nl.verhalenbank.32311
By Jan Harms op 'e Tike ha de kij bitsjoend west. Doe ha se duveldrek ûnder 'e stâl dien. Dat holp.
nl.verhalenbank.33036
Dieren binne faek heldersynde. Sa wyt in houn twa ûren fan tofoaren al as der tonger komt. Dan is er ûnrêstich en binaud.
nl.verhalenbank.24006
Guon tsjoensters kinne har yn dieren foroarje. As men op sa'n dier sjit, dan hat de tsjoenster de oare deis in blau eech.
nl.verhalenbank.23025
35